Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 05

Kâlde boel hear at je yn de aginda sjogge. Ek wol logysk fansels, keninginnedei,1 maaie, 4 maaie, 5 maaie, fakânsje, der is ek nimmen mear dy’t wat organiseart fansels, want der komt gjin hûn, sels dy hat wol wat betters te dwaan.

Mar eins fyn ik dat it dit jier net kin, lummelje mar wat om, en doch neat. Fryslân moat krekt dizze wike oerein komme. Elk betinkt, fielt him frij of sit yn de kroech, net ien is der op betocht. En dat is it momint dat wy de wrâld fertelle dat dy jonge dy’t eartiids yn Easterwâlde berne is, mar fia Grins hjir eins nea wer west hat, net mear rekkene wurde mei ta it Fryske part fan de befolking. Dy Halbe Zylstra, ik kin de namme eins amper troch de kiel krije, dy mei hjir nea wer komme. Dus: net mear in foet yn Fryslân. En at er him der op beropt, op Fryske eigenskippen, dan ûntkinne wy dat. Dy fint hat noait by ús heard, it is in sudeet.

At je, en dan bin’k serieus, allinne mar rânnestêdelik tinke kinne, net betinke dat  wat eigens foar de rest fan it lân ek bestean moat, en je dus net earlik binne yn de ferdieling fan wat der dan noch oerbliuwt foar kultuur yn dit lân, dan sjit je earnstich tekoart yn jo tinkramt en bin  jo net kapabel om steatsiktaris te wezen, ek al is it dan net mear as yn in gedoochkabinet. Of je sabelje de hiele kultuer oer board , en jouwe nimmen wat, of je ferdiele it netsjes. Dat is dan swier foar elkenien, mar der hie elk al rekken mei hâlden. Mar dit……nee, Halbe Zylstra is gjin Fries.

Wer’t we al efkes rekken mei hâlde moatte, Halbe Zylstra hat dan wol yn Grins studeare, hoewol studeare , sosiology oan’e Hanze, no ja, mar hy pakt it hiele noarden kultureel swier oan.

Ik ha op de legere skoalle en op de HBS altyd by de no drintse deputearre Rein Munniksma yn’e klasse sitten, en dy hat as noardelike kultuurgoeroe  it oer in útknipen fan in citroen, en oer 25 persint. Rein , dat wit je dan nei alve jier, is in freonlike man, te freonlik, it komt folle hurder oan as dy 25 persint. Ik sil jim net mei de getaltsjes fermoeie, jim ha fakânsje, ik rekkenje wol efkes, mar it giet dan ek noch om de trochsette dingen, lykas at Tryater net trije kear yn jier mear komt te spyljen yn it doarpshûs fan Twellegea, en der bin noch mear fan dy dingen, dan kin dat doarsphûs net mear bestean, want dat libbet fan de pilskes nei ôfrin. En at dat doarpshûs net mear bestiet dan kin de eigen foarstellings fan de pleatselike klubs, dy’t neat kostje ek net mear optrede. En ferdwynt dat ek.  

Ik wit wol , it is noch net ôfroune, en de polityke wierheid leit yn Nederlân altyd wat mear yn’e midden, mar dy midden leit noch in ein fan it goede plak. Ik bin dus no hiel benijd nei de hâlding fan Tom van Mourik, listlûker en polityk lieder fan de Fryske VVD. It provinsjebestoer sil, at se fan fakânsje werom komme, en jannewietske die’t al, aanst hiel bot krimmeneare, yn prinsipe seit Tom van Mourik dan altyd it tsjinoerstelde. Mar ik kin  Tom van Mourik. It hat net safolle skilt of hy wie de nije kultuerdeputearre wurden, hy hat de leafde foar alles wat op dat mêd bard, docht mei. It is eins oan him de taak om oer syn gefoel fan ûnfrede hinne, toch nei Halbe Zylstra te stappen, dêr, hy mei hjir net komme, en him de wierheid te sizzen. Te sizzen dit kin net. En at Halbe Zylstra dan noch neat docht, dan de lieder fan de Fryske kultuurrevolusje te wurden. En at er Halbe Zylstra al ompraat, ja dan mei dy fan’t simmer miskien krekt trije dagen efkes nei Flylân.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s