Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 05

 In pear buikes spatte it jusjes wat wiet, mar ûnder it reinen ferdampt it ek alwer. En at de sinne stadichoan de oerhân wer krijt, jouwe de kij yn it lân har del, en wurde beskûle troch it yn twa dagen opriisde piipkrûd lâns de diken. Efkes fierder  leit in keunstmjittich yn stân hâlden plas dras systeemke, alle fûgels pjukke der omraak yn de grûn om, se tale net nei de aaien, dy’t in pear ekers fierder lizze te ferkommen, oerlevere oan de fraatsucht fan foksen en wezelinkjes. Yn de sleat slacht in roek op in swan om, mar mei ien swanne grouw is de roek wer op ‘e loop, dy aaien krijt er net. In  eintsje toffelt de dyk oer, op wei nei syn leafste op 12 moaie aaien, mar hy sjocht net út en de auto’s moat skourrend remje,  se rêdde it krekt op, Donald kuiert gewoan troch. De beammen ritselje stiif yn de noardeastewyn. Dat bin se net went, mar yn’e loft kin je al sjen dat it aanst feroaret, hy giet wer nei it suden. Piet Paulusma mompelt op’e radio ek al 26 graden. Der bin al boeren oan it meanen, yn maart en april gjin drup rein fallen en toch waakst it as de sykte. De brêge stiet omheech, efkes hearlik rêstich yn de stilte útsjen nei de mar wer’t in pear sylboatsjes omdangelje. It is sa stil, je heare inkel in hûntsje blaffen, in bytsje heech, gewoan wille mei it waar en himsels. En je heare de fûgeltsjes. It ljurkje

komt der fier boppe-út. Mar ek de klyster, nota bene mei de bek fol wjirms foar de útkommen aaikes, sjongt likegoed  lûd mei. En fierderop wat fager…..de ljip ropt syn hollânske namme, en dan docht de skries him daliks nei….kieuwiet, kieuwiet, grutto, grutto. En heech yn de loft kreakje de guozzen….

Ferdomme , dy ferhipte guozzen. Ik ha myn kij op stâl, mar eartiids hie’k myn kij fannewike it lân yn ha wollen, mar dat hie ferdomme net kinnen, want der stiet der gjin sprut gêrs mear op. Gjin wonder dat de hiele boerestân nei de ferdommenis giet, se litte hjir alles mar ta, marokkanen, poalen, pvv-ers en guozzen…..

De boer bûcht him út de lânboumasjine. Dy is sawat  twa kear sa breed as de dyk. De dyk wurdt oan beide kanten fernield, net allinne troch dizze wûndere masjine, mar  wy moatte ek mar wat troch de berm of sa, it kin dy boer neat safolle skele. Hy sit  kompjoeterstjoerd op syn plakje, radio 2 en ynternet lûd oan. Mar noch altyd stiet de brêge iepen en ha we dus kontakt.

Ja mar jim krije der toch jild foar, eartiids hâlden jim skiep, en no guozzen.

Ja mar dat is net genôch, wy moat folle mear ha, en oars moat se dy guozzen mar ôfsjitte

No dat dogge se ek, se sille 100.000 fan dy guozzen deameitsje.

Moai, dy kringen,….. eeeh mar krij wy dan noch wol jild?

Ja boer, jim krije noch jild, want der bin noch genôch guozzen oer.

Genôch, dan  bin ’t tefolle, want Ultsje Hosper sil it wol bepale. O wat ha we der in lijen fan.

Fan dy Hosper.

Nee , fan de guozzen. Der bin tefolle, op Skier….

Nee mar boer, elk is it der oer iens dat de helte der by wei moat. Njonken de fergoeding mei jim ek noch op de guozzebarbeque komme, ek noch in miel fergees.

De boer hat yn’e rekken dat er te fiter naam wurdt, skuort de doar fan de grutte lânboumasjine ticht en riidt oan de brêge ta. Hy hat syn hân ta’t rút út , rjochtet op de guozzen en raast pief,  paf, poef.

Ik leau dat ik toch Marjan Thieme ris in twitterke stjoer.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s