Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 05

Op gâns plakken wurdt hjoed , moarn en snein en ek nije wike noch it wettersportseizoen iepene. Baarlike nonsens. It wettersportseizoen is allang iepen. It waar hat de minsken opjut om wat hurder los te gean, mar tagelyk is der fakânsjesprieding, it slagget  by dy dútsers en belgen wat better as by ús, mar ek it gefoel, sa fan we kin wol wer los.  Wedstriidsilers sjoch je de hiele winter gewoan trochfarren, klean foar ditsoarte kâlde aventoeren is wol tûzen kear beter as eartiids. Guon skûtsjes gean sels yn maart al wer los, no at dy tradysjonalisten dat al dogge, dan feroaret der wat. Yn Drachten waard it wettersportseizoen eartiids altyd tradysjoneel iepene op Himelfeartsdei, earder hoegden je de boat net klear. No is Himelfeartsdei al hast ien fan de hichtepunten fan it wettersportseizoen.

Kommend wykein bin der ek in hiel soad losse eveneminten dy’t de wettersporters oangeane. Oeral is wol wat, it waar wurdt wer wat minder, mar o wat is it gesellich. Want dat is it frjemde oan wettersport, it is ek gesellich, noflik, aardich. Is dat hjir inkel yn Fryslân sa.

No, der sit oeral wol ferskil. Yn Hollân is it ûnwerklik, je komme yn in weeldewrâld telânne, de lju besykje elkoar ek noch nei de kroan te stekken. Wat buorman hat moat ik ek ha en dan noch jusjes mear of better. Op de rivieren is it mear spannend, de stroming soarget der foar dat net elk geskikt is foar it farren, boppedat bin de grutte frachtskippen der baas. Yn Drinte en de kop fan Oerrisel wurdt it al wat  better, mar der hat it minder fan it wurd sport, it is gewoan op it wetter wêze, smûk. Yntym. Op’e Iselmar is it wer hiel apart, dat is in oare sektor. Silers. Moarns ier fuort, jûns let wer tus. Derom moat der dus yn Starum ek in gruttere slûs komme, want dy minsken gean tagelyk fuort en komme tagelyk wer. Se ha wol in bytsje mear air as gewoane wettersporters, wat eigenwizer. Op it Waad is dat eins net sa, dat bin de echte leafhawwers, mar der moat je ek folle mear seefaarttkunde en kennis ha. De lju bin wat apart, folle mear allinnich. No en dan hat Fryslân noch wat bûtenhavens , lykas Hylpen wer’t hopen dútsers komme, sels yn it restaurant kin je inkel mar bratwoerst krije, mar de measten derfan sitte it hiele wykein op it achterdek en farre eins noait. De boat wurdt yn stân hâlden as twadde wenhûs.

Bliuwt oer de rest fan Fryslân. Hiel apart, eh oars. Dêr groetsje se elkoar allegear. De lju dy’t te hurd farre wurde bedimme, meidwaan yn ús tempo, jong. Oergesellich yn de plakjes. Earnewâld, Grou, Langwar, Heech, Wâldsein, Dolsterhuzen, Lemmer, noch folle mear. Mar ek op guon plakken bûtenút, sonder kafee. De Alde Feanen, de Headamssleat. Rengerspolle. Joustersleatsje. Snitserpôlle. Langwarder feart. Knine-eilân. Ach, der bin wol hûnderten moaie plakjes yn Fryslân , wer’t je hiel rêstich lizze kinne, mar ek gesellich. Altyd praat, oeral help. De iene hat gjin sâlt, de oar te min stjitkessens, it wurdt oplost.

En at je dan sjogge nei wat der oeral bard, dan wurdt der oan dy saken gjin omtinken jûn as it giet om it iepenjen fan it wettersportseisoen, ek net at dy jongens fan Fryslân Marketing te set geane oer hoe goed Frylân wêze kin. Mar ik wit wol hoe’t dat komt, je kin dy sfear, dy gemoedlikens, dy moaie stille omjouwing, it is net ûnder wurden te bringen. We kin mar ien dingen sizze, kom mar en fiel sels. It wettersportseisoen is iepene.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s