Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 05

It gebietsplatfoarm plattelânsprojekten sud east fryslan komt hjoed yn symposium by elkoar. Ik ha der nei sjoen en ik fyn it in ymposant programma, oerweldigjend. Ten earste al it plak. Middeis is it yn in kroeg yn Aldberkeap dy’t eins pas 30 july iepen, giet mar dit wichtige symposium dus de kâns jout.  No ja, kroech , it giet om Le Brocope. Dy is neamt nei in Paryske kroech, dy’t lykwols Le Procope hiette, mar de b bekt de berkeapers blykber better. Jûns , dan giet it symposium troch en dan is it yn de Berkeaper Bonifatiustsjerke. In elitaire kroech en in tsjerke. Tsja. Symposium yn Aldeberkeap. Sitaat:  De uitkomsten van het symposium geven richting aan de verdere aanpak van dit specifieke speerpunt voor zuidoostfriesland. Ik tocht dat it spearpunt wurkgelegenheid wie, mar nee. Het symposium richt zich op het nog onderbelichte erfgoed, als potentiele kans voor gebiedsontwikkeling van dit specifieke stuk Fryslân en daarnaast komt het vermarkten van erfgoed en recreatie en toerisme naar voren. Dan bin je toch hielenal it paad kwyt, dan wit je dochs absoluut net mear wer’t it oer giet, dan..

No ja , miskien moat je wol nei sa’n symposium gean om wat te learen. Ik  begryp noch krekt dat it om kultuerhistoarje en wat om natoer en sa giet, no ja dêr hingje se fansels al dy lêzingen oan. Twa ferskillende deifoarsitters, kundigje ek noch twa kear in foarum oan, weryn deselde minsken sitte, middeis en jûns. Of minsken, it bin wethâlders fan súdeasthoeke gemeenten. Moai dat Age Hartsuiker der ek tusken sit, in stikje kultuurhistoarje op himsels, soenen se dat der wol witte?. Twa kear is Salverda, de baas fan de Fryske Akademy de foarumlieder, mar dy twa ferskillende deifoarsiters moat in slotkonkluzje lûke en it moaiste soe wêze at se it deryn totaal net iens wienen. Dan soe der oan it ein fan de dei , dat ha se pland om healwei tsienen mar it sit tichterby 12 oere dat wik ik jim, ik ha sjoen wa’t de lêzings jouwe, dan soe der dan tsjin tolven eins in moaie diskusje komme moatte tusken de beide deifoarsitters, ûnder lieding fan de fjouwer wethâlders, of sa. Der stiet yn de papieren ek noch dat Sjoerd Galema jûns oanwêzich wêze sil. Earme Sjoerd, kaptein Realo yn de ferbale non-wrâld, dy’ t jûn begripe sil dat it kommen ta ien plan om Fryslân kulturele haadstêd fan Europa te meitsjen , foar mislearring opskreaun is. En fannacht ha’k noch niks leard.

Sju yn Littenseradiel dogge se dat hjoed hiel oars. Der ha se in rûte makke lâns de keunstners yn dy gemeente. Je skrikke der suver fan, mar dat bin sa’n 45, dat fyn ik in moai hoopke, mar miskien komt soks ek omt keunstners graach op in  lyts doarp wenje, romte en oansjen. Mar soks moat iepene wurde en dat bart ek. Der sille Rembrandt en van Gogh ek by wêze. Ik miende dat dy al dea wienen, mar dat is net sa, dy bin fannemiddei  yn Winsum. Dêr sille se fierljeppe. En sa wurdt it dan iepene. No en dy donderje fansels yn it wetter. Minsken laitsje en klappe en  dan kin je mei in noflik gefoel op paad om dy 45 keunstners by del. Sa moat dat. Meitsje de kultuur feestlik, klaai it oan, meitsje der wat fan. Sa krij je wer sinne oan dat Fryslân kulturele haadstêd wurde soe. Maar der is in mar.

Hjoed lit it FLB, it Frysk fierljeppersbûn de nije fierljepklean sjen, soks wurdt presinteard, want der moat sponsernammen op fansels. Mar no ha’k begrepen dat dy nije fierljepklean hiel bot lykje op de reedridersklean, sa’n strak pak, stiif om it liif.

Ja Rembrandt yn Sven Kramerpak? Soks giet no krekt wer te fier.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s