Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

23 05

Hjoed is it 23 maaie en al sûnt de provinsiale ferkiezingen fan maart sjogge we al nei dizze dei út. De ferkiezingen fan de Earste Keamer. Da’s it meast wonderlike stelsel wat der yn Nederlân bestiet. De Rutte-wildersen mar ek de cohensappen ha fansels wol lannelike ferkiezings fan de provinsiale makke, mar offisieel is dat net sa. Dus is it in dwaas systeem, de provinsiale jonkjes en famkes kieze hjoed lannelike funksjonerende jongens en famkes. Mear wie’t oars ek net, mar de polityke weagen geane tsjintwurdich sa hurd hin en wer, dat de Earste Keamer no gjin ôfspegeling wurde hoecht fan de Twadde Keamer. En dat betsjut dat dizze regearing fannewike ek noch wol falle kin, Wilders is der al op taret en hat yn Griekenlân en de ôffaloune fan Harns  syn wapens sjoen om der mei de holle omheech út te stappen. Dan krije je wer nije ferkiezings foar de Twadde Keamer en dy komme dan net oerien mei dy provinsiaal keazen jongens. Ha je itselde gedonder wer en is de fisieuze sirkel run, oant yn de ivichheid. Mar no wat der hjoed bart, in tige yngewikkeld o heden. Ik sil net alles útlizze, sterker ik snap der ek gjin sodemieter fan, mar in steatelid fan Noardhollân , ek al is it in ienmanspartij út Anna Palowna, is in kear safolle wurdich as in Ljouwerter steatelid yn Fryslân. Dy Noardhollander fertsjintwurdigt gewoan mear minsken. Dus kin it wol wêze dat dy Fryske steateleden stimme moate op Limburgse en Oerisselse Earste Keamerkandidaten, dan komt it allegear beter út. Yn alle partijen sit ien dy’t soks útrekkenje kin en de steateleden krije allegear strikte opdrachten. Regearing en opposysje tinke no dat se it klear ha, mar se bin beide net wis. Boppedat der hoecht mar ien steatelid siik te wêzen, of ien dy’t per ûngelok of noch aardiger mei opsetsin ferkeard stimt en je ha it gedonder yn de glêzen. Wat ik dus net begreep dat in sjoernalist it net útrekkenje kin. Dat kin nimmen, omt alle partijen  in eigen systeem ha , mar it hat noch nea spannend west, dat is it no wol. Ek foar de Friezen , dy tinke altyd dat der Friezen earne ynsitte moate, wol it foar Fryslân goed komme. Mar ik kin wol Friezen dy’ t sa seurden dat se dermei eins tsjin Fryslân wurken, de kollega broeders en susters wiene der flau fan. Ha jim der wat fan murken dat it goed foar Fryslân wie dat Hindrik ten Hoeve yn de Earste Keamer sitten hat. Dy gie fergeemje ek noch mei it regear mei, doe’t it der op oan kaam, no dat regear  moat fan Fryslân neat ha. Ja CO2 opslaan, mear net. No der grieme se noch nacht en dei der yn om, om mei Plus 50 en wat oaren Hindrik der noch yn te krijen, mar dan moat je alles wol hiel bot nei je ta rekkenje. En dus freegje dy CDA-ers, en de regearing dat de FNP steateleden stimme moatte om Geart Benedictus fan it CDA der noch yn te krijen. Want it soe goed wêze foar de FNP at Benedictus der ynkaam. O ja, hat Benedictus as steatelid de FNP ea holpen. Sterker, hy is foarsitter fan it BFVW, no at in echte Fries baas west hie fan it BFVW wiene se der nea begûn mei it burokratysk aaisykjen fia in mobile tillefoan. Unfrysk.

Mar dat sis ik inkel mar omt at se it dwaan soene dy FNP-ers, dan bleau it regear baas, en dat wol ik net want dan is de sjoernalistyk útluld.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s