Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

25 05

Foar my leit de aginda fan hjoed, je sjogge graach wat foarút, nei-ouwehoere kin elk wol. Wat in hearlike aginda. Der bart hjoed safolle  nijsgjirrichs dat de einredakteuren hjir no al mei taknypte billen sitte te tinken hoe’t it allegearre moat hjoed. Wêr sil we it oer ha.

Oer de útslach fan de rjochtssaken tsjin de liedingen en de brêge by de ôffaloune yn Harns? Ach lit mar, dat suddert noch wol tsien jier fierder, net ien feroaret syn stânpunt, iviche diskusje. 

Rients Gratama oefent it liet wat er sneon sjonge sil yn Achmea, eeh yn Achlum bedoel ik, en wat Femke Halsema en Bill Clinton meisjonge moatte. Neen, nee net dwaan? At in fersekeringsmaatskippij sa’n djoer feestje betinkt, dan komme de media der as slobeinen op ôf, dan wurdt it gewoan wer fan it reklamebudzjet ôfskreaun, lit se earst dy woekerpolissen oprêdde.

De sûpketen yn Wymbrits foar de Ried fan State, net ien gemeente dy’t sa’n  goed en yntensief ketebelied hân hat , en hjir dangelt de horeka dan krekt tsjin oan? Moat dy dêr no noch mear by ferstjinje, aah fansels ja dan kin se in eigen keet yn Curacou keapje.

Ek foar de Ried fan State dat minsken graach wolle dat in sânwinningsbedriuw reit plantet by de ôfgraving fan de Dolten. DS fan Fryslân fine dat wol goed, want it reit slacht toch net oan sizze se. No ja da’s ien feech fan de Ried fan State, as jim  soks tasizze moat jim earst witte at dat reit wol oangiet. Plantsje, Galema, sels desneeds!

Yn 1911 kamen de earste Fryske emigranten yn it Braziliaanske Carambei oan. Net dat dy lju noch libje, mar we moat dat wol wer fiere, dêr ha se jûn in gearkomste oer. Bêst. Mar it nut?

De Afûk App ferskynt hjoed ek. App? Jim witte toch wol wat in app is. Ja der druk je op, en dan praat je ynienen frysk, sa is it sawat. It bart dan wol yn it meast Fryske kafee, dat fan Lolke Bergsma yn Easterein, mar as Afâk soe

‘k earst mar in goed frysk wurd foar applikaasje besykje te finen.

No en dan komt minister van Bijsterveldt nei de Ljouwerter Krante om mei 250, en dat stiet der echt,  om mei 250 onderwijsprofessionals te disusieren oer ûnderwiis. Onderwijsprofessionals. Wat soe dat wêze. Ooh, meesters en juffen. O. Dat giet oer kwaliteit, net mei bemoeie, der prate al tefolle minsken en D 66-ers oer mei.

Nee, we moat it efkes ha oer in netwerkborrel dy’t der fannemiddei 5 oere is yn de Heerenkamer yn Heerenveen. Nee dy borrel is net foar heren, mar foar kristliken. We wisten net mear dat it bestie, eins witte we noch neat want wat is in kristlike ûndernimmer eins. Is dy oars as in gewoanen. Soksoarte lju sette blykber noch altyd dat muorke om harsels hinne. Je kin je dochs net foarstelle kinne dat it petear ûnder de netwerkborrel, wat in wurd trouwens, se bin efkes oan it sûpen, dat dat petear oars is as by borrels fan alle ûndernimmers, seker net at der at se in pear hân ha. Allegear itselde,  oer jild, oer wurk, oer de stomme oerheid. En dan al gau fuotbaljen, twitter en  froulju. No ja ien dinkje is oars miskien by dy kristlike netwerkborrel. Der moat je lid foar wêze. En at je gjin lid binne, dan moat je 35 euro betelje. Hoefolle borrels tinke se dat net leden opsûpe kinne yn twa oerkes, want stipt 7 oere moat de kristliken wer nei de bern en it wiif. Set der dan op dat net-leden net wolkom binne. Dan bluiwe se efter hun muorke moai ûnder elkoar en ha wy der gjin lêst fan.

One thought on “it each fan eelke

  1. Neffens my is ‘tap’ (tapassing) in goed frysk alternatyf foar app.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s