Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 06

 

Moarn is it Himelfeartsdei , en de sinne skynt. Dan riidt ik efkes oer Aldegea Wymbrits rjochting Heech en dan stopje ik by in moai hûske, stap út, en jou Hans Wiegel in stevige hân, dêr kin er net oer, hy jout sels altyd in slap hantsje. Hy hat syn libben neat oars dien as hantsjes jaan, en dan slyt it wat. No ja, en dan gean we efkes nei de Hommerts. We kin ek earne oars hinne, mar rûnom wurde we omfier riden troch fytsers, de alvestêdekuierders lizze alle diken plat, de roeidingen bin op wei nei Skylge, skûtsjes en aken besette de Lemmer, yn Heech stiet de spanning der himelsheech op mei in kroade  fol kultuur en sa kin’k wol troch gean. Hans Wiegel en ik , we gean dus nei de Hommerts.

Wat gaan we doen meneer Lok, ik hear it him no al sizzen. It makket him nammentlik neat út, hy hat wat yn de holle en dat rekket er wol kwyt. Mar ik wol him wat sjen litte. Ik wiis him op de readwite pealtsjes dy’t dêr no in jier as twa steane. En ik fertel him it proses fan dy dyk, dy’t wat oanklaaid wurdt om te soargjen dat it ferkear fan Snits nei Lemmer en oarsom net allinne by Wâldsein aanst dik op de remme moat, mar dat se yn de Homnerts net mear as fyftich ride mei. Mar no al twa jier net hurder as 30. Lavearjend tusken de pealtsjes. Dat der fannewike in bultsje stienen fan de iene kant fan de dyk nei de oare moast. Dat se dan twa stopljochten sette, fiif auto’s per kear, mar dan oan it kofje drinken gean. En dat se it sels yn de reinbui juster gewoan stean lieten, se wiene net oan it wurk, mar de stopjlochten hâlden wol alles op. Dat elkenien it sa frjemd fynt dat de wurksemheden soms wiken en wiken net binne , dan ynienen wol wer. Yn it moaie waar waard der net wurke, no’t it wer reint wol. Maar waarom wilt u míj dat laten zien, meneer Lok. No sju, Wiegel , jo ha yn de 80-er jierren hjir kommissaris west en doe ha jo sein, om hjir oare ûndernimmers hinne te krijen, dat it ienige wer foar je dat hoege te dwaan dat is de wurkkrêft fan de Friezen, de wurkmentaliteit. Dy dogge wat mear en wat better as in oar. Mar no bin jo fuort, mar dy wurkrêft is ek fuort. We wurkje hjir it selde sleauwe tempo as yn de rest fan Nederlân . In stikje fan fiif kante meater stientsjes, yn trije wike noch net klear. Efkes asfalt by grieme, seis wike in dyk ticht. Skoffelje op in rotonde, twa dagen stean der trije auto ‘s allegear yn it paad, want se kin net fiif meter by de auto wei, it tempo is ferskoeiend leech. Sa soe ik noch oeren fertelle kinne oer wurk, en lêst ha fan wurk. En net allinne dat ik dit no sis Wiegel, jo hearre it alle dagen fan de minsken , dy’t har dêroer fernuverje.  Besteane wy Friezen noch wol.

Ik sjoch Wiegel al glimkjend nei my sjen at er seit, Friesland heeft zich aangepast aan de rest van Nederland meneer Lok. Dat heeft ook wel wat.

 

 

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s