Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 06

 

Alderferskuorrendst. Ik besykje dat wurd wat mei respekt út te sprekken. Tûzenen frijwilligers organiseare yn dit soarte allegear heale wiken allegear fantastyske dingen. En der is net in momint dat der neat bart. Tink net dat de freeds nei de himelfeart rêstich is. Hjoed bygelyks wurde in soad roeiers fuortsketten yn de Prinsetún, se komme út de hiele wrâld en dy kin je dizze dagen ek ’s nachts tsjinkomme, dy roeie de alvestêdden lâns yn estafettefoarm. De echte roeiers bin yntusken op it Waad dwaande om de horeka yn Skylge in jûntsje te stypjen, dat je derfoar hielendal roeiende hinne geane seit dochs wol wat. Der wurdt kuiere, rûn, fytst, syld, mei hynders boarte , je kin it sa raar net betinke. Ik sit noch mei de kater fan it belibjen fan Heechspanning, dêr wer’t de kultuer mong wurdt mei in goed doel aksje foar de kroegen. It is alderferskuorrendst dat der safolle minsken binne dy’t ree binne om der tiid yn te steken, sadat alle oare minsken gesellige dagen ha kinne.

Allinne, ien ding hie no net moatten. Sju, dy old timers dy ’t dan wat troch Fryslân karkje, ach no ja se betelje de benzine sels, en dan moat we mar efkes wat stadiger , al joue dy lange rigen wol hiel wat oerlêst, mar ach. Mar dan komme de twadde pinksterdei ek al dy moters der by, dy ’t ek lâns de alve stêdden fleane, en wroemme. Dat is al in stik ûngelokkiger. Sterker, je litte it gean, de minsken moat ek har gerak ha, mar útsein de minsken dy ’t derop sitte en de minsken dy’t it organiseare fine it aardich, oaren ……….

Mar no komme hjoed 2000 Harley Davidsons nei Fryslân. Dy ha alle jierren in soarte fan grutte ralley , ik wit net wat in ralley is, mar se gean dan  in ein te riden , earne yn de benelux. En no komme se hjoed dus nei Fryslân. Moat jim jim foarstelle, 2000 Harley Davidsons. Like breed as in auto , hûndert kear safolle leven, gewroem wroem. In freeslik leven. Fierstentefolle leven. Fan 2000 leafhawwers fan moters, dus dy litte dy moters , har dierbre sa no en dan ek ûnnedich trochraze. 2000 Harley Davidsons. Trije dagen yn Fryslân. Neffens my kin we se al heare.

Wa hat dizze oarloch oer ús ôfroppen. Hie der net ien frijwilliger minder aktyf wurde kinnen. En myn wjersin hat net krekt as by al dy boargemasters te krijen mei de lju dy’t dêr opsitte, dat bin krekt sokke minsken as wy allegearre , allinne at se sa’n moter sjogge, fiele, heare, rûke , dan wurde se in bytsje fan it sintrum, krekt as wy dat ha mei flusterboatsjes, sylskipkes, fan dy dingen dy ’t gjin leven en CO2 yn de loft blaze

Ik bliuw trije dagen op bêd, slút de finsters en alles. At immen my belje wol at dy dingen wer fuort binne, dan kin ik wer nei al dy oare aardige dingen dy ’t dy frijwilligers organiseare en wer’t elk wol wille oan belibbet. En fierder iepenje ik no de aksje: alle moters wurde ferbean ea noch yn Fryslân te riden. De lju dy’t yn Fryslân sa’n moter ha, dy sette ‘m mar op de Ofslútdyk del, dan set we yn it kader fan it opknappen fan dy dyk dêr in hokje del, mei in bushalte, moters it hokje yn en de lju yn de bus.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s