Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 06

 

No, nei sa’n lang wykein omlummeljen kin we der no wol wer tsjinoan, noch efkes in moanne trochprutse en dan jou we ús yn de simmerrêst. Der is noch wol in aardich putsje, we krije fjouwer ynsprekjûnen fan de provinsje , prate oer hoe’t wy wolle dat it plattelân hjir yn dizze provinsje funskioneart. It begjint jûn yn Weidum foar de noardwestelingen, dus alles boppe Harns moat nei Weidum, fraachteken. No en wat moatder barre. Sju, de steaten ha yn jannewaris de safolste nota oer plattelânsbelied ûnderskreaun, mar der siet yn je moat ek altiten de befolking ek noch heare, dan kin de steaten der ek wer oer prate, dan duorret it lekker lang. Ach, de wurden yn soksoarte nota’s binne sa iepen . der sil gjin wizingen komme; moai kaftke omhinne en yn it laad. Want: plattelânsbelied ûntwikkelt himsels wol, altyd oars as beskreaun stiet.. Myn aldereartse erfaring dat wie de mids 70-er jierren, we ha noait wer sa’n geweldige ynspraak hân. Alle doarpen wiene oan it meipraten, oer fjouwer nota’s yn fjouwer jier. We hiene doe noch in provinsiaal opbouorgaan wat dy diskusje regele en entameard ek noch. Wat in geweldige jûnen, wat in ideeen , plannen, bylden, o skitterjend. Allinne elk doarp woe wer wat oars en  yn elk gefal it bêste foar himsels, dat doe’t de provinsje alles bondele hie, wie der neat fan te meitsjen. En doe’t de provinsje mei in soarte fan gemiddelde kaam wie elk ûntefreden oer it streekplan Fryslân. En it slimste wie, we krigen evenredige wenningferdieling, de gemeenten ha derfan noch altyd oerhâlden dat de minsken tinke dat sy bepale wer’t de hûzen komme. Nee minsken dat wurdt bepaald troch de prokjektontwikkelders, dy bepale dat. Jim net, de gemeenten net, de steaten ek net.

We ha de 40 jier dernei neat oars dien as bystelle, yn plattelânsbelied. We kin der hjir yn Fryslân oer prate as Brugman. Mar it jout neat, elke kear as in plan klear is, is it alwer efterhelle, minsken dogge oars. Wa hie ea fan krimp heard, doe’t de safolste nota it noch hie oer mear, better, swierder, moaier. Plattelânsbelied ûntwikkelt himsels. Yn Ruslân en ek Frankryk wol wat , ferdwûnen hiele stikken plattelân , waarden doarpen leech efterlitten en luts men nei de stêden wylst dy regearingen dat net woene. No bart dat yn Sjina. En wy seure hjir mar oer in hûske derby, alle doarpelingen en hun bern moat der wenjen bliuwe kinne, gjin wenten oan rekreanten ferkeapje sadat se winters leech steane, we wolle plak ha yn alle 419 doarpen foar wurkgelegenheid, de skoalle moat bestean bliuwe, de tsjerke, de kroeg en it multifunksjoneel sintrum. Ik hoopje dat de minsken jûn prate mei it idee in byld te sketsen fan it Fryske plattelân oer tsien, tweintich jier. Mei in sûne gedachtegong, mei yn achtnimming fan alle nije dingen op kommunikatief gebied, mei in each foar wat der wol en net mooglik is. Ik wit wol, dat is hartstikkene muoilik, want wa wit hoe’t de wrâld der dan útsjocht. Lit de provinsje dan sizze: we ha no efkes gjin  plattelânsbelied, we sjogge wol wat der bard. En besykje dan in byld fan oer 20 jier te sketsen, en dat wer hieltiid bystelle. Gjin minskewinsken. En dêrom moat de diskusje jûn begjinne mei de hamfraach: hoefolle doarpen sil we de kommende tsien jier ûntromje en opbarne, minimaal fiif fan elke gemeente.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s