Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 06

 

Hjoed reizgje alle minsken dy’t yn Nederlân yn in gemeente wat  betsjutte nei Ulft. Ulft. Us heit en mem hiene eartiids in koalekachel en neffens it opskrift kaam dy út Ulft. Ik hie inkel belang by de waarmte fan dy kachel, it ynteressearde my net wer’t Ulft lei. , dus ik moast it no opsykje. Yn de gemeente Berkelland. Yn de Achterhoek. Yn Gelderlân dus. No ja, en dêr yn Ulft stiet in wat grut útfallen gebou , en der kin se al dy 3500 besikers fan  it VNG kongres wol kwyt.  Fryslân hat it, ik mien ferline jier, ek ris organisearre. En  om  sponsors foar sa’n kongres te krijen sis je dat it hiel wichtich is foar de streek dat sa’ n kongres by je hâlden wurdt. Dat is fansels net sa, dy boargemasters fan al dy gemeentes gean noch hieltiid nei Griekenlân mei fakânsje, der komt hjir net ien. Mar goed, Ulft, Berkelland, de Achterhoeke, Gelderlân  fûnen it hiel moai dat it kongres  dêr kaam, dan koe it hiele gebiet op de kaart setten wurde. Mar no is deryn in hobbel kaam . Want no blykt dat it VNG bestjoer , sis mar Annemarie Jorritsma, besletten hat dat se it iten net út de Achterhoek krije mar fanút Ljouwert. In Ljouwerter cateringbedriuw fersoarget it iten fan it VNG congres yn Ulft. It is net te leauwen, in Ljouwerter bedriuw jout 3500 minsken yn de Achterhoeke te iten.  Dat Ljouwerter bedriuw, yn goed Frysk WTC hospitallity moat dus no Doesburgse mostertsop meitsje, en as haadmenu stiet de Kemper Hoen fan Zelhem op it programma. No ik sil net trochgean , want a rint it wetter jim om de tosken, of net want jim ha’t ek noch nea hân, mar b, wat in ûnsin gedoch. Ik ha nammentlik net fine kinnen wer’t dit VNG congres oer giet. Ik miende dat se deilis bine mei it regear, mar dat de VVD boargemasters dêr dus wer wat oars oer tinke as de PvdA susters , mar ik kin it net fine. It giet oer mostertsop en brette hinnen, neffens Doesburske en Zelhemske resepten.

No en at it oer soks giet,  dan kin we it sels wol.  Wy ha hjir yn Fryslân wer ús gouden dei fansels. Oeral bin hjerringparty’s. Sâlte nije hjerring. Hearlik. Wat ha’k dêr sin oan. It skynt dat mei dat hiele moaie waar safolle plankton yn’e see sit en dat dy hjerrings der goed fet fan wurde. Mar se moat fansels ek wer net te fet wêze. Oo hearlik. Mar, efkes op’ e remme, lit jim foar it oare net besodemieterje. Flagjesdagen. Flaue kul. Reklame gedoch. De oanfier fan  it earste fetsje hjerring, moai foar de foto’s , wurdt ferkocht foar goed doel, reuschtich moai,  mar tink jim no dat se der dernei yn slagje ynienen yn hiel Nederlân oeral sâlte nije hjerring te hawwen? Wolné. Dy bin der allang. Se bin net iens fong troch  Nederlânske fiskers, mar troch de Denen. Dêr is de hjerring jusjes foarliker, en se ha se al lang yn fetsjes stoppe. En dy fetsjes lizze al moai te triljen yn de kuolkasten fan de fiskwinkels. En de grutwinkelbedriuwen, en yn de restaurants. En at de hjerringparty’s, dy ’t tsjinwurdich net iens mear bedoeld bine om hjerring te iten , mar tagelyk ek gâns te drinken  en dernei ek noch te jaan oan in goed doel (yn Lauswolt moat je jûn 50 euro deltelle foar in stikje hjerring) dan klaue se wat yn dy Deenske fetsjes om. Lit jim net yn de betizing bringe mei beaujelaisprimeuren, mei spesiale wiken foar asperzjes, foar moksels, nije rispinge ierpels of wat dan ek. At it der is moat je it ha kinne, al dy ôfspraken om der ek noch in kwak fergese reklame en gedoch  by te meitsjen, eins soe de NMA der wat oan dwaan moate. Mar lit mar. Want sil ‘k jim stiekem wat fertelle, ik ha al sa’n hjerrinkje hân. Hoe? Fertel ik net. Mar lekker.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s