Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 06

 

Hjoed geane de steaten fan Fryslân op wurkbesite. Nei de REC, dy’t wy noch altiten de ôffaloune neame. Se gean ek nei de Friese Meren, mar ik koe nearne mear fine at se no nei in grut projekt fan de subsydzjes oan it marregebiet geane of nei de nije Fryske gemeente, dy’t sa graach konkureare wol mei  Súdwest Fryslân, en dermei in soad ûndernimmers op kosten jeije sil. Docht der ek net ta , lit we it mar ris dwaan mei de ôffaloune. Wurkbesite. Jim hearre optheden net sa faak wat út de steaten, dat komt omt se sûnt de ferkiezings op wurkbesite binne. Sels Sjoerd Galema, ik tocht dat dy no alles wol sjoen hie, twittert elke dei wer wêr’t hy no wer wie en  dat soks o sa moai wie. Opfallend. Dogge se allegear: it is aardich, je leare der wat fan.As je no Irona Groeneveld folgje, sit ek al in moai tiidsje yn de steaten, it is krekt as geane der hieltiid nije gesichten foar har iepen. No ja en de man dy’t optheden nacht en dei op wurkbesite is Jehannes Kramer, no jim witte net hoe moai at dy dat fynt. En ik ha ek al minsken sizzen heart dat er it o sa goed docht, hy jout elkenien de hân, watte hy kin al in soad minsken, hy wol witte wa’t elk is, en wat dy docht en tinkt. Hat er ferdomme acht jier op dizze funksje wachte en moat er no noch alles leare? Kom no. Rêstich Eelke, elke politikus hat rjocht op hûndert dagen staazje. Okee, Okee. Mar ….. ik fyn dat de FNP it better dwaan moat, ek oars. En dat is net sa. Ik ha  him nei de easte ynsprekjûn oer it plattelân al heard, en doe tocht ik nee Jehannes, nee. Sju de minsken dy freegje op dy jûnen mear hûzen,  behâld fan skoalle,  kroech, winkel, doarpshûs, en tsjerke, in goede busferbining en miskien romte foar in ûnderniminkje. Okee, dat meie minsken freegje. Mar dan moat Jehannes sizze: minsken dat kin net , sûnder dat it ús of jim almeugend folle jild kostet en dan ha we gjin jild mear foar oare dingen, lykas Oerol en Omrop Fryslân. Mar dat seit er net. Hy hat o sa nijsgjirrich harke nei alle ynbring, hy fûn it allegear hiel nijsgjirrich en sil der mei fermogen mei omgean, en wat is it wichtich dat de minsken meiprate kinne….. Nee Nee Nee. Jehannes, da’s ferlakkerij. Hâld der mei op. Ja of Nee. Net: we sjoch noch wol. It is it ienige positieve oan ús hjoeddeiske regear: rjochtút sizze wat se fan doel binne. Jehannes, asjeblieft bliuw dysels. Bliuw FNP-er. En dus hjoed at jim op wurkbesite gean nei de ôffaloune, fertel ús allegear wat jim werklik fine. Wy, media, meie net mei , dat ha Jehannes en syn maten besletten, mar dat hindert neat, wy bin der wol, by de útgong. Sjoch om jim hinne, lit jim net oan de kant lulle troch de OMRIN en finansiele minsjen. En jou dan in reëel byld oan de omwenjenden en oare minsken yn Fryslân. Echt, ja of nee, it makket neat út. Mar net : we sille der nochris oer prate. En doch ek net krekt as de SP, dy’t op foarhân al net meigiet, dan kin je se altyd wer oan de kant lulle, hoe witte jim dat, jim wienen der ommers net. Mar ik snap Van der Horst wol hear. Hy wol net sa dudlik njonkenJan Hiemstrafan de OVV stean, en dan beide tsjin. No ja. At de oare steateleden ek depjutearen úsmar fertelle wat se fine. Ja. Of Nee. Net ien wurd der tuskenyn..

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s