Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 06

 

Ik begryp soks nea. Hoe kom je no ta in fietsstimuleringscampagne. Ja, nee ik begryp wol dat der sa’n campagne komt, ferskriklik goed fansels, mar hoe kom je mei elkoar op de gedachte dat je dat dwaan moate soene. Dat moat dochs earne wei komme. Ik ha lang neitocht en ik wit it no. It bin de fietsfabrieken dy’t fan dy slimme lju yn tsjinst ha, dy ’t ien of oare amtnerbaas in fyts jouwe, en foardat je it witte sitte der 15 lju om de tafel om in fietsstimuleringscampagne te betinken.  Werom witte se sels net, mar ach, it is in aardige opdracht, los mar. Mar dan sitte se der, en dan moat je it muoilikste dwaan wat der bestiet, in stimuleringscampagne stimuleare. Hoe krij je it sa nei bûten dat it by de minsken wat wekker ropt. En se ynienen op de fiets springe en dernei ek noch elkenien wekker skodzje om soks ek te dwaan. Wer sit dat knopke. Freek de Jonge fertelde my lêsten dat ien positieve twitter opmerking fan Jan Mulder oer syn nije programma op ien dei foar 20.000 euro oan kaartjes ferkocht. En Mulder die’t net iens mei opsetsin. No de fietsstimulators bin der net oan takaam. Se ha no de aksje rij2 op 5. Dat makke net daliks in fiets by my los. It betsjut dat je twa kear yn de wike je auto stean litte moatte en op de fyts nei it wurk gean, dat begryp ik no ek wol. Mar dat moat je ek by gewoane minsken der ynramme.  En wat dogge se dan, dan organseare je wat en hoopje je dat de media der hielendal op los komme. En dat betwifelje ik, sels yn dizze komkommmertid. Want at Bert Jan Epema fan de ING my seit dat ik op de fiets moat, dan tink ik wat soesto , om hjir fannemoarn op tiid te kommen bist mei de auto gien. Jehannes Kramer komt ek oan it wurd, no dy fietst inkel in lyts eintsje, mar dat is de earste moannen , aanst wer oer en dan stiet de deputearreaudivolvobmw foar de doar. No ja se haffelje der aanst wat op om, sjoernalisten mei fan alles freegje en dan gean in tal minsken op de fyts nei hun wurk, om it sjen te litten dat it wol kin. It is dan tusken healwe tsienen en tsien oere, dy komme moai let op it wurk. En de bedriuwen dy’t yn Fryslân meidogge is allegear fan dy heal of heul amtlike dingen, CIJB, wetterskip, Friesland Bank, hege skoallen , provinsje en gemeente, soksoarten, dan ha je noch net de groep echten stimuleard. De ienigste stimulâns soe wêze kinne de fyts dy’t dy bedriuwen in pear moanne te lien krije, in elektryske fyts. Hy is wat oan de djoere kant noch, in goeien sit al gau op hast 1700 euro, mar at de wyn net al te gek is, at it wis is dat it net reine sil, at de ôfstân net al te fier is, at je it oan tiid ha en net de bern earne weihelje moatte, at je op tiid fan bêd kaam binne, dan soe miskien ien dei yn de wike op de fyts noch wol kinne. Kin je om fiif oere ek mei de mannen noch om in pilske.

Tsja. En dochs hiene je no mei dy elektryske fyts in goede campagneaksje ha kinnen. Dat se de minsken echt rekke hienen. Dat it oanslein wie. No, at se fannemoarn earne yn Fryslân in aksje start hienen. En it aksjedoel : we meie moandei de alvestêddetocht fytse op in elektryske fyts.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s