Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

14 06

 

Fansels skoddet it de hiele wike noch nei, de grutte kultuerkealslach dy’t Nederlân treft en wer’t Fryslân neffens de deskundigen in te grut part fan betelje moat. Of eins is it net betelje, inkel misse. Fansels is it allegear noch net sa naeit as it no knipt is, en oerheden bin geneigd om hurd en heech yn setten, dan kom je der yn dit CDA lân wat tuskenyn út, mar rekkenje mar dat Tryater, en ek soksoarte saken as Oerol it merkbite sille. It is foar it oare hiel singelier, doe’t de earste foarstellen der kamen wie der wat skouderopheljen. Och heden , it moat noch bepraat wurde en dy Halbe Zijlstra kin we wol fertelle dat er it noch net goed op papier hat, mar no’t it sa op papier stean bleaun is, is Halbe ynienen gjin turf mear heech en komt elk yn it gewear.

Yn it Pinksterwykein ha’k my ôffrege at ik Tryater misse soe at it net mear bestie. Elkenien hat syn eigen gefoel oer polityk, je rekkenje net mear mei algemien belang, dus soks mei je jesels ôffreegje. Boppedat Tryater algemien belang. Nee. Dat liket sa, de minsken dy’t troffen wurde troch de kultuerbesunigingen raze folle hurder, bin lûder en mear te hearen, sitte ek tichter op de media, dy’t ek altyd in kulturele ynslach ha. Mar besunigingen yn de soasiale sektor komme persoanlik foar minsken folle hurder oan, mar ja dy groepen dy’t oanpakt wurde bin net al te grut, der bliuwe genoch stimmers oer. En sa hat Halbe Zijlstra fansels ek rekkene, wat dogge dy pear Fryske stimmen der no ta . En der hat Zijlstra folslein gelyk oan, fanút syn stânpunt, want de hjoeddeiske politisi ha ek net mear it algemien belang yn it fizier, mar inkel it eigen partij belang. It is ek folstrekt ús eigen skuld, hjir yn Fryslân wiene ek fierstentefolle VVD, CDA en PVV stimmers, dan krije je dit toch. Dat Tryater fuort moat is de skuld fan jo buorman. Of jo eigen skuld. Dy lju meie net seure.

Tryater fuort. Fraachteken. Doe’t yn 1963 ris fersichtich begûn waard mei wat fan dy goeie amateurtonielspilers in stik te spyljen (In slet fan tsien dollar, Anne Wadman hie it stik fan Jean Paul Sartre oersetten) hie men nea tinke kinnen  dat Tryater sa útgroeie soe. Roel Nijboer, Jeltsje Das, Riek Landman, Dicky Modderman, Piet van der Zee…… Feredeld amateurspultsje. En no? In dikke 500 foarstellings per jier, mear as 50.000 minsken komme op allerhande plakken te sjen nei it meast alsidige tonielslskip fan Nederlân. Sa  neame se harsels , want se ha op in oar foar dat se ek noch Frysk spylje. Likegoed krije sy de grutste dreun fan Halbe Zijlstra, want dy saneamde alsidigheid is net foar elk.

Dochs moat Tryater miskien ek efkes omsjen. Dit kabinet hâld te lytse skoaltsjes oerein, dy’t bewiisd ha kwaliteit te leverjen. Tryater? No, tsien fyftjin jier lyn wie’t in gewoante, mar in hiel plesierige gewoante om nei Tryater ta. En no?……net altyd mear sa automatysk. Ja, ja de foarstellings bin wol goed, sorry fyn ik sa no en dan wol goed, fakmansskip, mar it rekket net altyd wat. De grutte winners fan de ôfroune jierren kamen faak fan oaren as Tryater. Dêrom is it advys oan Tryater, organisear in foarstelling, in hiele moaien,  Dan meie allinne de minsken der yn dy ‘t net op de VVD, CDA en PVV stimt ha. En at it oerweldigjend is, dan stoue dy minsken dy’t der wol hinne meie, de seal út en jeie daliks deselde  jûns al dy oaren it Fryske lân út. En dan sjoch we dan wol wer.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Pingback: www.ensafh.nl

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s