Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 06

 

Moarn Jacob. Jacob en ik moatte wat bekinne,  minsken Jacob en ik, wy ha jim foar de gek hâlden, we dienen krekt juster en de wike dêr foar dat ik rjochtstreeks yn jim  hûs of sliepkeamer kaam, mar dat wie net sa, o nee. Nee ik hie fakânsje. Opnames. Mar justerjûn bin ik tús kaam, en dus dit is wer rjochtstreeks hear. En dus mei ik foar in kear wol efkes werom sjen, wylst ik oars foarút sjoch. Mar dat is it eins ek noch wol, want wat der juster barde dat krijt fansels in rom ferfolch, sa litte wy fansels net oer ús hinne wâldzje.

Wis wis, Tryater sit sawat wer yn  it goede spoar, alle CDA-ers en VVD-ers beweare dat se dêrfoar soarge ha. Ferrieders. Sa’nTom vanMourik, ….. en we ha op Halbe Zylstra ynpraten, en dit en en dat. Skyt. Ja fansels, dy Halbe Zylstra wist net iens wat Tryater wie, dy tocht da ’s in ploechje minsken dy spylje toaniel yn it Frysk, dat hoecht dochs net troch my subsidieare te wurden, dat kin Jannewietske dochs sels wol. No ja doe hat Joop Atsma him fansels efkes ferdutst dat Joop syn posysje nei de bliksem gean soe as Tryater nei de bliksem gean soe. No en dan pakke dy mannen  in pilske en strike it glêd, komt goed Joop. Mar hâldt asjeblieft op mei wy dit en wy dat…… Patsers.

Sju at Omrop Fryslân yn it geding is, dan hear je se net. Dan moat dy earmeJan Kostersels yn de slach, mar nimmen helpt him. No ja, no ja, Rimmer Mulder dy hat ‘m holpen, Sterker it wie wol hiel frappant dat de earste kear dat Rimmer Mulder wer yn syn âlde Ljouwerter skreau, dat er der tsjinyngie wat dy skreaun hie en dat it ten foardiele fan Omrop Fryslân gie. Wylst de man dy’ t syn opfolger by de Ljouwerter is, Hans Snijder krekt fan Omrop Fryslan komt, en eins mei in bytsje in stille grijns it wol aardich fynt dat Omrop Fryslân aanst werom krong wurdt nei in oerke op Nederlân trije, omt syn krant eek stiloan nei de bliksem giet. It wie media-deskundige Rimmer Mulder dy’t yn de gaten hie dat soks net inkel foar Omrop Fryslân ûngelokkich is , dat soe him neat skele kinne, mar dat de befolking fan Fryslan der lêst fan krije sil. Yn in tiid dat elk sykjende is nei hoe’t kommunikaasje yn de takomst stâl krije moat, moat je fansels net ien fan dy media dy’t hiem is foar it de minsken dy’t hjir wenje, ûnôfhinlik at it no Friezen binne, nij ynkommmelingen of Halbe Zylstra’s , sa’n medium moat je net beknibbelje. Je kin wol prate mei sa’ n medium en mei de Ljouwerter en mei allerhande oaren  om te besykjen dat byld folslein te meitsjen en dêr op oan te stjoeren. En fansels kin it net sa wêze dat de Ljouwerter it hieltiid dreger krijt en dat de omrop de hiele dei allerhande flaue kul programma’s meitsje mei en kin.

It is dus no saak dat media deskundige Rimmer Mulder de jonkjes by elkoar ropt en dat se in koers útsette foar it bêste belied wer’t de minsken yn Fryslân it measte oan ha. En dan nei de Haagse mantsjes en froutsjes fia Joop fertelle, sa wolle we it graach ha. En der mei dan om my ek mar de VVD en CDA patserkes efter oan rinne . Mar dat der wat komt wer’t we allegear wat oan ha. Want Halbe Zylstra kin no Tryater wol bestean litte, mar dan moat der ek in omrop wêze dy’t de minsken fertelle kin en sjen litte kin dat it bestiet en wat it docht.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s