Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 07

 

De kommende trije wike sit myn libben wat oars yn elkoar as oars. De tour.  Unfrysker kin it net, likegoed is de tour is hillich. Myn radiosinder stiet op radio 1, de hiele dei, ik ferjit Omrop Fryslân efkes. Ik lês fan alle kranten de tourside as earste en lêste en dertuskyn mar amper wat oars. De tillefyzje ha’k elke middei al in oere foardat it begjinnne sil oan. Ik ha op myn ynternet in bepaalde side wielrupdate iepene foar de komplete útslaggen, ik moat ek witte wa’t 109de is. Op twitter ha’k no ek de komentaren fan Contador, Schleck en Gesink. Ik bin like flau as jim fan dat eineleaze gewauwel fan Herbert Dykstra en Maarten Ducrot, ik lit it stean, se kin ynformaasje jaan dy’t ik ha wol. Want op taffeltsje foar leit in list fan de 198 renners, at der ien útfalt wol ik him skrasse. Kin’k net sjen, dan sit ik oant de earen yn Sebastiaan Timmermans en  Gio Lippens, jongens dy’t ik goed fan it reedriden kin, ik wol elk sykheljen fan har hearre. Ik ha in hekel oan de polityk fan Joop Atsma, mar it is in fijne fint, hy hat sawat alles west yn it hurdfytsen. Ik sil jim sels wat ferklappe, dit is  myn coming out : eartiids as lyts jonkje, joech ik tweintich stuiters de nammen fan de hurdfytsers. Geldermans,  Zilverberg, Charly Gaul, Anquetil, Bahamontes. En dan liet ik se troch in koker rolje fan in hichte fan boeken. En dan skreau ik op dat Bahamontes wûn hie en Darrigade twadde wie, Anglade tredde. En dan mar wer , en  wer, en sa kaam it einklassemint fan de tour de france ta stân…..Ik bin tourgek.

Elkenien is tourgek. De oandacht , de programma’s, se spatte dizze komkommerwiken fan radio, tillefyzje ynternet. Der ûntstiet in grimmige striid tusken de âlde Smeets fan de NOS en Wilfried Genee fan RTL , it is al 2- 0 foar Smeets, mar da’s wol logysk hear, foar my ist nei ôfrin 21-0 , foarôf bepaald, al bin de programma’s fan Smeets noch sa min.  Mar der giet it net om. Ik giet der om wat wy yn Fryslân dêr no mei moatte. Wan sju wy ha fansels fan dy lju hân en noch wol dy’ t wol wat fytse kinne. Tiemen Groen wie de earste dy’t trochkaam, mar doe’t dy yn de tour kaam siet er mei syn tinzen al yn de âlde kastkes en skilderijen, antiek, dêr is hy nea wer útkaam. Doe kamen de oaren,  Henkie, letter Piet Hoekstra , kamen der krek net. Schurer,Gerrit de Vrieswol. En no dus Wening  en Westra. En Tjallingii. Net dat er hjir sa lang wenne hat, mar komt wol fan Ljouwert. Syn dwersens jout dat ek wol oan. Dat wittende, mei de fytsalvestêddetocht, sa populêr , fier oer de grinzen, mei dat we hjir 419 doarpkes ha en dus , elk doarp moat je fan twa kanten benaderje kinne, in dikke 800 fietspaden, en we ha foarkar foar de fietsende mins hjirre, en de start fan de Vuelta soe hjir ea komme kinne yn alvestêddeferbân, oooo, no oerheid, dan soe ik it wol witte. Mar wat dogge dy Fryske polityke partijen: de foarkar jaan oan skûtsjesilen, keatsen fierljeppen, sabeare sporten wer’t de dielnimmers sels it measte drinke,  ja sels frysk damjen  beoefene troch noch trije  minsken giet foar it hurdfytsen. No ja reedriden bin se noch wat mei dwaande, da’s goed, Thialf, Sportstêd, mar de rest moat him sels rêdde. Ik soe ek marrris wat dwaan oan hurdfytsen. Sadat we hâlde dat de pakesizzers fan Weening en Westra aanst wer yn de tour komme en  it hert ús efkes hielendal opspringt at ien of d’oare wauwel ropt: een fries in de kopgroep…..

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s