Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 07

 

Fryske noarm. Tryater is in regionale tonielploech. Mar omt se in it  Frysk spylje, moat se in oare noarm ha as in Limboargsk of Sieuwsk tonielselskip. Sterker, dy Fryske noarm soe like folle jild opsmite moatte as de nasjonale noarm. En happé , der gie wer 1,8 miljoen. Net dat it Tryater misgund wurde moat, mar wat is no in Fryske noarm. DirekteurJan Kosterwol him ek graach foar Omrop Fryslân. Op himsels doogt dat wol, Omrop Fryslân hat yn de ôfroune jieren safolle spesialiteiten klearkrije kinnen, dat kin je net yn ien kear weromdraaie. Mar dat is in oare noarm as dat Omrop Fryslân in Fryske noarm ha moat omt se Frysk binne. No wit ik wol , in Limburgske en Sieuwske  noarm hoecht net ,want Rowwen Hezze en Blof wurde nasjonaal deadrait en leaf fûn, en Sieb van der Ploeg  hat it net folhâlde kinnen, mar prinsipieel doogt it net fansels. No ja , ik tink dochs dat it allegear hiel oars moatte soe, regionaal is regionaal, dat kin je dus nea fergelykje, mar dit regear smyt alles wat regionaal is op in grutte bulte en sykje it mar út jongens, net ús ferhaal. En dan wy mar seure om dy Fryske  taal en kultuur noarm.

No prate se hjoed wer oer in Fryske noarm en dat is in  hiele nuodlike. Want: de brandweer en helpferlieningstsjinsten kin yn Fryslân net foldwaan  oan de lannelike noarm. Dy is tsien menuten oanriidtiid by ûngemakken en ûngefallen. En it soe wolris kinne dat der hjir yn Fryslân aanst 20 menuten foar stiet. Dat komt omt dy tsien menuten no al net te heljen binne, mar ek omt se bygelyks noch wer in lytse tsien  brandweerkazernes yn Fryslân opdûke wolle. En  dan wurde de riidtiden fansels noch langer. Dus dêr wer’t de Fryske noarm yn de taal en kultuur ús in foarsprong jaan moat, is dizze Fryske noarm in enoarme tebekgong. Want net allinne de brandweer mar ek de oare 112 tsjinsten oant en mei de ambulanses wurde fansels ek ferskood, at je jild nedich ha foar Tryater dan moat der fansels earne oars wat ôf, hup de brandweer mar. Skras. It skynt dat, trouwens yn it hiele lân, hûnderten frijwillige brandweerlju der mei ophâlde, omt kwa riidtiden en helpferlieningsmiddels net mear it optimale risseltaat berikt wurde kin.

It ûngelokkige fan alles is dat we hjir noch safolle gemeenten ha, it oerlis aanst is by foarbaat misleare omt al dy gemeenten besykje derûnder út te komen dat it harren jild kostet, mar dat se dan dochs noch in brandweer sa ticht mooglik yn’e buert ha. Want yn harren eigen rieden wurde al fragen stelt hoe komt it allegear en tinke jim wol oan ús feiligens.

Eins soe de Fryske noarm yn dizzen wêze moatte in noch folle feiliger systeem. Want , en de grize giet my oer de grouwe, mar der leit in man mei in hertynfarkt , de ambulanse giet riden, mar de brêge dy ’t troch in oare brêgewachter op ôfstân betsjinne wurdt sjocht en heart de blaue toeterjende flits net. En docht de brêge efkes omheech, krekt op it stuit dat it ding der hast oan ta is. Ja in brêge draai je net samar wer werom. Of in RMO dy’t krekt te gau de dyk oprollet. Of in dykje leit der ynienen út. Of…… en dy man leit krekt te lang mei dy ynfarkt, ik sis mar wat. Yn elk plak in brandweer en ambulanse, sa’t it eartiids wie, no da’s miskien wat tefolle, mar de Fryske noarm mei net bestean. Tsien menuten lannelik is tsien menuten yn Fryslân. Want ús noarm is net dat wy twa kear sa taai binne as de hollanders.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s