Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 07

 

It is noch net iens sa heel lang lyn , doe wennen der yn Fryslân noch minsken yn hoalen. En dan ha’k it net oer 500 jier foar Christus, dan ha’k it oer de 20ste ieu. It wienen net folle mear, mar at der gjin hûs wie, en it waar wie like ûnevenredich as no, dan  moasten je in plak ha, en ûnder de grûn wie doe noch frij, koste ek neat. Minsken wolle har earne nestelje. Letter ha’k nochris  by de lêste minsken west dy’t yn sa’n lyts wâldbuorkerijke wennen, sa ’n te lyts wenninkje. It meast ferwûnderlike foar my wie dat dy minskjes dy ’t dêr wennen ek sa lyts wiene, dy  hiene sels folle minder lêst fan de lytsichheid as wy grutte opdonders. We bin dan ek opsoademietere , sy ha der noch in pear jier wenne. Nestelje.

Fansels , de ekonomyske kant fan it libben soarget derfoar hoe’t wy libje. Op it plattelân yn Ruslân wurde de doarpen ferlitten. De minsken wennen der yn de moaiste hûzen mar hiene gjin takomst. No wenje se yn ien fan dy tûzenen  grutskalige flatgebouen dy ’t der tusken it fleanfjild en de stêd sels bout binne.

Wy hjir yn Nederlân bin oars. Hoewol, in pear jier lyn frege ik oan in man wat dy hjir die op in camping wer’t de campers krekt oardel meter fan elkoar ôf stiene. Hy seach my frjemd oan en sei , maar ik woon in de Bijlmer.

En toch…..tweintich jier lyn wennen der gemiddeld 2,6 minsken yn in hûs, no is dat 1,8 en it wurdt noch leger. En je soenen sizze dat it net ûnder de 1 komme kin, mar dat kin wol. Yn ús doarp wurde no hûskes kocht troch minsken dy ’t yn Amsterdam wenje, mar werfan de frou as eigner fan it hûs by ús te boek stiet en de man yn Amsterdam. De gemeenten dy ’t gjin lege doarpen wolle kinne dêr neat tsjin dwaan. No ja sa bliuwe der noch in pear doarpen oer yn Fryslân. Mar it ferhaal wat der út fuort komt is dat we hjir hieltiid mear grutte hûzen krije yn Nederlân en dus yn Fryslân foar minder minsken. Minder nestelje, it is je útwrydsk útstalle, alle romte, je moat ek noch in kompjoeter kwyt. Want we ha fansels in hiele rare slinger , we wolle in moai hûs mar it moat al efkes oars as dat fan buorman. Sa bin de moaiste wennigs ûntstien yn Fryslân, al ha’k it no fansels oer in bepaalde kategory rikere minsken. Mar dat is de mearderhyd. Prachtig woongebied, sa sjogge de oaren nei Fryslân,  want in moai hûs heart yn in moai lânskip. Yn alle romte.

En dêr moate we mei ús allen in streek sette. Dat kin fannemiddei. At der in presintaasje is fan in tsiental wetterhûzen. Ja dat bin, no efkes ienfâldich sizze: hûzen bout op in flot, dellizze , loopplankje , goh wat hebben we in mooi uitzicht.

Minsken: it moaiste oan Fryslân bin de iggen, de oevers. De oergong fan wetter nei lân. Dat mei net besmodzke wurde mei nijmoadrige driuwende wenten. Ja, der bin ek wenarken. Ja, der bin ek fernijde wenarken, dy’t jusjes wat te nijmoadrich binne foar Fryslân, mar alla, dêr hat altyd wat lein, dêr moat leafst ek wat lizzen bliuwe. Mar nije plakjes sykje foar minsken dy ’t graach oan it wetter wenje wolle, mei al dy foarsjenings fan stream en wetter en ynternet, of oerfolle wenskipshavens, hâldt der mei op. Sis as gemeenten : dat dogge we net. Lit Hûs en Hiem mar prutse mei it oare wenninggedoch, dy ferlieze linkendewei terrein, mar dat docht noch net echt sear, mar wetterhûzen moat yn Fryslân ferbean wurde. Ja , jim meie wol nei dy presentaasje. Mar dan it wetterhûs yn Hollân of Grins dellizze.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s