Eelkesweblok

it each foar eelke

Een reactie plaatsen

10 07

 

Steatsiktaris Henk Bleeker komt hjoed nei Fryslân. Dat is net sa’n grutte stap, want Bleeker wennet yn it Grinzer gebiet, dus efkes de Skieding oer, hy soe Joop Atsma noch helje kinne, mar dy wol net by de Tour wei, no ja dan Bleeker allinne de dyk nei Ljouwert op, en dan efkes dêr ûnder nei Nij Bosma Zathe. Sels al hie’k net witten wer’t hy hinne gean soe, dan hie’k dat noch opskreaun. Elke bewâldsman of -frou dy’t wat te dwaan hat mei of lânbou of miljeu dy komt  nei Nij Bosma Zathe. Dat is fansels ek in skitterend bedriuw. Der wurkje aanst 70 minsken om net allinne it folle rendemint út it boerebedriuw te heljen, mar tagelyk ek troch te tinken en te dwaan. Diary Campus hat it yn hannen, mar de universiteit fan Wageningen betinkt it allegear en Fryslân lit it him gesellich oanleune, sa’n bedriuw mei 100 kij, in hele hoop jongfee op 170 bunder lân.  Mar ek mei in geweldige biogasynstallaasje, mei fergisting dy’t elektrisiteit en gas opsmyt , sadat 1100 wenten derfan libje kinne. Prima, prima.

Eeeh, prima, is dat wol it goede wurd. Nij Bosma Zathe stiet net foar in gemiddeld Fryske boerebedriuw. Da’s lytser, der wurkje oardel man/frou , der is it skraabjen, der seure de fûgeltsje minsken om heger wetter yn’ e sleatten, dêr seure de provinsje, Joop Atsma en Fryslânmarketing om de kij yn de greide te smiten, der bepale Albert Heijn en Lidl de fierstente goedkeape molkepriis, der ha se har eigen koöperaasjes net mear yn de han,  der is ûnfoldwaande reeëns fan Fryslân om der megabedriuwen fan te meitsjen, wylst Nij Bosma Zathe aanst wol wer útwreidjze kin, dêr frette de guozzen alle gêrs op en de ynkomsten dy’t je eventueel ha fan ljippenêsten en guozzeskea  betellet fia de provinsje de regearing  pas nei lang oantrünen, mar dan is it earste jier foarby.

Steatsiktaris Bleeker soe nei sokke gemiddelde bedriuwen geen moatte, en mei dy minsken prate. En mei oaren dy’t der direkt en yndirekt mei te krijen ha. Mar krekt as yn in soad oare saken falt Bleeker dan dochs tsjin, in fazal fan  it PVV/VVD belied. En nettsjinsteande dat it in Grinzer is, hie’k der wol betrouen yn. Ik bedoel hy siet yn it selde bedriuw, regionale omrop. Hy presintearde him foar de CDA-krisis as in mediator, dat wie knap. Op it CDA kongres ferlear hy al  wat fan syn wearde, hy dondere echt yn in hoeke doe’t er dochs yn it kabinet set waard, en hy mei dan ien kear tafallich of per ûngelok krityk hân ha op Wilders, hy docht presies wat dy seit. Dat wol sizze dat we in sintraal kabinet ha, wat docht wat yn de rânnestêd moatte soe. Fertaling nei de gewesten is der net by. En dan soene krekt de Jopen en de Blekers dúdlik meitsje moatte dat it CDA tanksy dy gewesten noch bestiet. Dat docht Bleker net. Dy giet nei Nij Bosma Zathe, knikt freonlik en seit dat dit de takomst is wer’t we goed oer neitinke moatte, mar tinkt by himsels, dit kostet fierstenfolle om dat op elk boerebedriuw del te setten. En eins soene je hjir beter hûzen delsette kinne, dan smyt it wat op. Mar dat seit er net. Hy knikt en giet werom nei syn hynders. Ach, in echte Grinzer……..

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s