Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 07

 

Gottegot , wat in geouwehoer yn de toer, net. Dat rymt ek noch, mar de toer rymt allang net mear. De toer is in soadsje. En dat is de toer al jierren. En al dy ploegeteams seure no wol, mar mei dat der sponsere ploegen kaam binne is it hurdfytsen ferwurden: is de doping baas, wurdt der te risikofol fytst mei te risikofol materiaal, tusken in orgy oan gasten en media, werfan in part ek wer noege wurdt troch dy sponsorploegen. En de organisaasje is muoiteleas meigien, te kommersieel. Juster hearden we oeral: der bin ek safolle sjoernalisten. En doe tocht ik ynienen oan it Fryske evenemint fan likernôch deselde kategory, de alvestêddetocht. Ik skat yn dat dêr de folgjende kear sa’n 3000 sjoernalisten komme, dat is foar it lytse Fryslân itselde as 10.000 yn de toer.  En doe tocht ik ek, de direksje fan de Tour de France soe Henk Kroes noegje moatte om harren te advisearen om wer op ierde werom te kommen.

Gasten? Dy ha we net. Ja mar…. Neat ja mar. Mar de sponsors…. Dy rêdde har mar. De kommende alvestêddetocht stean der allegear tinten lâns it lêste stik fan de rûte, dranghekjes en dêr stean de sponsors en hun gasten efter, en dan as de earsten foarby binne gau mar wer nei de tillefyzje yn de waarme tinte mei woarsten en in beerenburgje . Wegen derfoar ôfsette? Wolne. net nedich, se wachtsje mar. Gasten fan it alvestêddebestjoer sels? Nee jonge , wy ha gjin gasten, dêr ha we dy dei gjin tiid foar. Ja, mar de provinsje dan? Dy kin hun eigen plakje wol sykje, we ha in dikke200 kilometerroute

Ploegen? Reedriden is yndividiueel. Ja ,mar….. Neat ja mar. Ploeglieders en fersoargers  meie net meiride. Dy sykje sels mar in plakje foar it jaan fan iten en drinken. Dertroch bart it ek net op ien plak allegear, elk siket syn eigen. Klear. De lêste alvestêddetocht wist de twadde groep net dat se mar koart efter de earste 12 sieten yn Harns, soe dat net…… Nee. Gjin earkes. Net meiride.

Tillefyzje. Ien moter. Ien helikopter. Kamera’s op fêste plakken. Mear net. Net meiride. Alle sjoernalisten sitte earne en sjogge yn de warmte  dêr de bylden. Fotografen op moters? Nee. Ja jim mei wol op in moter ride, mar net op it iis, mar jim sykje it sels mar út. Gedrang op de finish. Nee. Trije man/frou, de NOS radio, de NOS tillefyzje en Omrop Fryslân  op it iis. Mear net. Simpel. Oaren as NOS en Omrop Fryslân moatte mar ôfnimme fan harren. It alvestêddebestjoer hat in kontrakt mei de NOS en Omrop Fryslân. Mear net. Kin toch yn de tour ek. Miskien noch twa tillefyzjemoters der by, en  in  helikoper, en de rest fan al dy meiriders derút kwakke. Prachtige bylden meitsje, en al dy sjoernalisten dy sjogge dat wol oan de finish. En dêr is in plak wêr’ t se mei elk prate kinne en  tsjintwurdich ha je alle nûmers beskikber en it earste wat de hurdfytsers oppakke nei de streek is hun i padsje. Dernei krij de froulju in tut. En reedriders ha tsjintwurdich ek sa’n ding.

En de lju dy’t de alvestêddetocht jild jouwe? Ja, dy bin der net. De alvestêddeferiening rêdt himsels. En de Tour de France kin echt bestean fan it tillefyzjejild, wylst de doarpen har skeel betelje oan start en finish plak. Boppedat wolle de ploegen wol miljoenen jaan om mei te dwaan, wylst se har dan ek hâlde oan de Kroes doctrine.

Ja , jim ha gelyk, de fytsers gean hieltiid hurder, dat gean de reedriders ek. Ik tink dat Jorrit Bergsma no sa hurd ride sil dat hy al binnen is wylst it noch tsjuster is. En hoefolle klapredens net stikken gean sille, ik ha no al wille. Mar der komme gjin rampen út.

En toch en toch…… dy iene tillefyzje moter riidt yn 1986 oer Rein Jonker hinne, dy lei mei Van Benthem oan kop. Presies itselde. Allinne Rein is likegoed twadde wurden. En Johnny Hoogerland hâldt hjoed syn boltsjestrui net.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s