Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 07

 

De heale plysjes fan Ljouwert krije hjoed in  training. No moat ik fansels earst efkes útlizze wat heale plysjes binne. Dat bin boas. Boas. Wit jim toch wol. Buitengewone opsporingsambtenaren. Net normale lju,  buitengewoon. Se meie wol ien oanhâlde, se meie ek wol sa’n pakje oan ha, mar se ha gjin pistoal of revolver, wit ik wat de plysjes der sa stoer oan de sydkant fan de broek hingjen ha. Jim ha’t goed heard , ik ha twa kear sein “meie”, want at se it net oandoare dan mei se ek belje, hjir stiet ien dy ’t ik fertochte fyn mar der is hy sels net fan oertsjûge, jim moat mar efkes komme…..no ja dan kin de belutsene  sa fuortrinne, foardat de echte plysjes mei dy revolvers te plak binne. Dat bin boas. En dy boas dy wurde fannemiddei oplieden, troch oare amtners, wer’t ik noch nea fan heard hie, Stadstoezicht. Dy hâlde tasicht op de stêd, mar se ha boas nedich om de rigels te hanthavenjen. En dus wurde de boas oplieden. Wit jim werfoar. Foar it hûnebelied. Ja, ik kin der ek neat oan dwaan, it hûnebelied.

No ja sju, hûnen dy skite en dat skynt net te meien. De eigner fan dy hûn moat der efter oan rinne en in skepke yn’e hân ha en in plastic pûdsje. Der bin hûnen dy skite sa almeugend, dan moat dy hûnebaas in sek mei ha. Is der gjin skepke, gjin sek, arresteare . Watte. Yn’e bak mei dy net skeppende lju. Losrinnende hûnen, it mei net. Hûnen moatte fêst sitte. Ja it is tsjin de natoer fan hûnen, mar rigels bin rigels. Losrinnende hûnen dy moat fong wurde troch de boa, en at er nei in pear oeren dy hûn al hat , dan moat de arrestantewein komme om de hûn nei it asyl te bringen. Noch slimmer is at der losrinnende hûnen binne dy’t yn boarterstúntsjes of yn parkjes komme. Oeeee, tige strafber. In losrinnende hûn op de Wurdumerdyk is folle minder misdiediger as in losse hûn yn de Prinsetún. Dat it is alderferskriklikst, de boa wurdt oplieden om dêr in ein oan te meitsjen.

En dat is in drege oplieding. Dy boa moat nammentlik net allinne dy hûn ûnder kontrole krije, mar ek de hoe neame se dat, lastige overtreders. Dat bin losrinnende mannen dy’t at sa’n  hûn nei trije oeren jeijen troch Ljouwert einlik pakt is troch 26 boas, dat der dan sa’n  man oankomt en dy seit “wat moat jim mei myn hûn. Lit los, smoarge boa”. Dêr wurde se dus op traint. Ik soe’t net witte, mar ynkoarten sille we sjen hoe’t dit ôfrint. De training is noch swierder. Ek sille de boas oplieden wurde om moeilijk te hanteren hûnen oan te hâlden. Dat lykje my hûnen dy’ t net efternei sitten wurde troch 37 boas, mar dy ’t efter dy boas oanrinne, dy’t oant no ta lûd roppend af af af af troch Ljouwert draafden. Mar se witte fannemiddei wat se dwaan moatte.

Ik tink dat se yn diskusje geane mei de moeilik te hantearen hûn. Bello moast ris heare, kin we der ek oer prate. Sju, der wie hjir ien of oare gekke wethâlder en dy seit dasto hjir net komme meist. Asto no gewoan nei hûs giest en efkes fregest om dyn riemke , dan prate we nearne mear oer. No wat fynst derfan. Woef.

Sa iets moat it wêze. Lestige eigners. Swier te hantearen hûnen. Ik kin neat oars betinke. Of krije dy heale plysjes fannemiddei in revolver?

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s