Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 07

 

Aanst om 12.00 wurde de media fan Fryslân en omkriten ferwachte yn de starttoer op it  starteilân op de Snitsermar. Der is parkearromte regele , mar dat hie net hoegd,want it is hjoed sok waar dat er fierder  net ien mei de pont oer hoecht. No, happa,  op de pont, wat gedrang yn it kajutsje , want sjoernalisten meie net wiet wurde fansels. Dus set it pontsje har mar direkt by de starttoer ôf. Kom der yn, kom der yn. Kopke kofje, suderanske, broadsjes, it stiet allegear klear. De sjoernalisten sûpe en frette, der bin se foar oplaadt, dan kin de sprekkers ek moai wat trochgean, want folle mûlen hâlde de fragen wat tsjin. Mar der is echt op alles rekkene. Earst sil  ien fan b en w fan de gemeente Súdwest Fryslân, ik tink Offinga mar it kin ek Apotheker wêze dy sil de geweldige meidieling dwaan dat de Snitswike wer komt, mar se sizze ek dat de organisaasje yn hannen leit fan de KWS, de Keninklike wettersportferiening Snits . No, de foarsitter fan de KWS komt dan fertellen dat de Snitswike op 6 augustus los giet. Dan fertelt de foarsitter fan de westriidkommisje Dirk van der Zee dat der wer in hiel soad dielnimmers binne, mar it is net sa bjusterbaarlik as yn de jieren dat se de Kieler Woche hast de dampen oanleine. No dan fertelt Gerlof van der Werf, de pr man fan de KWS wer’t de sjoernalisten dageliks de útslaggen fine kinne, want je kin der net fetsoenlik in wedstriid sjen. Dan krijt Anne Silvius it wurd en dy fertelt dat der de jûns foar de seisde wer in floatskou is fan de dielnimmende klassen. Mar dat is ek al hast hûndert jier sa, dus at Silvus praat bliuwe de sjoernalisten broadsjes kôgjen, hy fertelt toch net wa’t Panskipper wurdt. Se harkje hielendal net nei Petra Miedema fan Sneek promotion, dat is net nedich, de Snitswike is it toppunt fan Snits Promotion. Frou Marrie Eringa , feilgheidscoordinator fan de Snitswike  fertelt dat der wer in camping ynrjochte wurdt foar de jeugd en Marten Koning fan de plysje seit dat it noch hieltiid ferbean  is om sûnder ljocht nei Snits te fytsen of werom. En dan fertelt Marco van der Meer pr man fan de gemeente datCdK Jorritsma de gast wêze sil op hurdsyldei.  No dan is it oer ienen en moat it hiele soadsje gau yn in boat, hooplik oerdekt, dy fart dan nei de Houkesleatpromenade, wethâlder Offinga giet foarop , dy sprekt dêr syn foldwaning út dat it smoargensstoartsysteem YOSS der klear is, noch foar de Snitswike. Dan seit de provinsje, ik tink dat it Jehannes Kramer wurdt , dat se bliid binne der jild yn stoart te hawwen, Wytse de Haan fan it algemien bestjoer fan it Wetterskip Fryslân seit dat se mei plesier de saak ta útfiering brocht ha en Gerrit vander Pol, de direkteur fan GMB dy’ t dat ding makke ha, lit sjen hoe’t je der âlde Snitswike útslaggen yn smite kinnen. No dan is it fier oer twaen en dan wurde de sjoernalisten wer nei de wâl sleept, en ha we dochs wol foar in 10.000 euro oan oeren (ik tel de oeren fan al dy hege miters ek mei)  en broadsjes yn de Houkesleat donderde.

Fansels, de media moatte goed op’e hichte hâlden wurde fan alles wat der op de wrâld bart. Mar dêr wer’t organisaasjes ynienen yn in mienskiplik belang komme der wurdt wolris wat, no sil ik it foarsichtich sizze, oerdreaun .

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s