Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 07

 

Der fart in boat troch Fryslan. Nim my net kwea ôf, dat is net nuver. Hoewol, dy boat is wol nuver. De boat is nammentlik bedoeld om de rotsooi fan alle oare boaten op te slurpen . Slurpe, want it giet om stront en pis. Jo meie nammentlik net mear yn  jo boat poepe, en dan   trochlûke en  de stront ferdwynt nei de iel yn it Fryske wetter dy’t dêr lekker fan smikkelje. Dat mei net mear, earme ieltsjes. Mar gelokkich jo meie wol de kont bûtenboard dwaan en dan de iel efkes goed betinke. Wetterplysjes ferbaliseare net op wyldplassen op it wetter, en wyldskite bestiet net. Mar de echte miljeuminsken en de lju mei in wat nijere  boat dy pisje en poepen wol deeglik op in tank. En dy tank moat sa no en dan leech. En  da’s in probleem, dat gesjouw yn jachthavens is ek net sa miljeufreonlik. Dus it kin ek yn dy boat, mar dy boat is fannewike yn Dokkum begûn. Dêr siet no net de measte oandrang. Hy fart langsem fierder, elke kear wer nije hege gasten oan board om te sjen hoe’t de pis en poep en it smoarge ôfwaskwetter , want dat sit der ek by,  fan  de minsken dy’t hjir no mei fakânsje binne der útsjocht. Ik ha altyd meilijen mei de lju dy’t feroardield binne ta it ferbetterjen fan de wrâld. Dy sitte yn in ûnmooglike posysje. En dochs bin de measte saken sa linkendewei wol regele. Stadich, mar toch. It is begûn mei dat je gjin plastic fuortsmite mochten. De plastic sekjes sweefden oeral om, plastic bekerkes , snoepapierkes. De gewoane minsken smieten toch, mar de oprêdders kamen. Turken mei in prikker, want sels woene we dat net dwaan. Offal skiede. Dat de oerheid der mei de grutte hannen yn omwrotte dat fûnen we eins wol bêst  , dat wie har taak, mar sels dienen we dat noch net. Mar stadich oan kamen der minsken dy’t it teepûdsje út elkoar hellen, it nietsje yn it izer, it papier yn de papier bak, de tee yn de gft tonne en it toutsje yn de gewoane bak. Sa’n oerdriuwing wie nedich om it belang by de minsken wekker te skodzjen. Fansels, bin de miljeuminsken wolris wat trochsketten, mar stadich oan waard Nederlân better. Ik hear fan minsken yn it bûtenlân dat we fier foar de measte lannen lizze, sels ha’k sjoen dat we noch efter Skandinavie oan toffelje.

Wy bin ek net sa. We ha ús libben lang yn it wetter skiten. We ha ús libben lang ek iel fretten. Der is ús noch nea wat fan oerkaam. Werom moat dat no oars. Werom moat je no sa’n djoer in soad plak ynnimmend tankje yn de boat ha.  Mar dat sizze we net lûdop. Want de wrâld is oan it feroarjen. Ynienen ha we skjinne auto’s , tenminsten der wurdt mei adferteard, mar de consuminte bûnen en miljeu foargongens raze net, dus it sil wol goed wêze.

En likegoed tijt de Noardpoal hurder ôf as at we tochten. En dan  begryp je ek dat je mar net mear yn de mar skite moatte en dat ek it ôfwaskwetter net bedoeld is om snoekbears te skrobjen. Ik ha al in oerwining op mysels helle, myn bûsen sitte elke kear fol bierdoppen as ik fan it wetter kom. Eartiids plop en  oerboard. No yn de fuilniswein. Goed hè. En we hiene in lekker ieltsje by dat pilske….

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s