Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

 

21 07

 

Eare foar de stifting de Boadskipper. Dat is in stifting dy’t krewearret foar it behâld fan nautysk erfguod (skippen dus) en it ferbreedzjen fan de kennis dêroer. Da’s it boadskip fan de Boadskipper, wer by it wurd skipper fansels eins wat los stiet. Moai. Noch moaier is, der komt dizze wike, watte, fan ôf hjoed in geweldich nautysk spektakel, mei skippen dus. Efkes foar de lju mei in auto, fyts, of je bin rinnende, tink der om at je by in brêge komme, want at der ien oankomt, dan komme de oare 199 ek samar en dan is it wachtsjen. Mar tagelyk wol moai om te sjen nei in lange rige fan silende en moterskippen wer’t we eartiids mei fearen en dy’t we behâlde wolle.

Hjoed bin de earste 20 sawat yn Drylts, mei de ielaak fan Heech en it houten skûtsje de Aebelina,  der ha se der ek wat omhinne boud. Mar moarn, moarn dan komme der 200 fan dy skippen nei Snits. Dy lizze dan yn de Kolk , en fierder troch de stêd oant en mei de lisplakken oan de Houkesleat. De stêd is ien gesellich feest, opwaarmerke foar de Snitswike, al is dit wat oar folk. Der is in merk foar nautyske ambachten, seemanswurk dus, der is musyk, je kin de skippen besjen, je kin der mei farre, no wat al net. In gesellige rykdom

Sneon dan leit Fryslân hielendal plat, dan farre al dy 200 skippen nei Louwert.  Twa rûtes, ien binnen troch , de alvestêdderûte wer werom, oer Skearnegoutum, Easterwierum, Weidum en sa , de oaren oer Terherne, Akkrum en Grou. Machtich moai fartocht wurdt it, hooplik bliuwt it goede waar by ús, it fertsjinnet it. Want sneon en snein dan is it feest yn Ljouwert, ik tink hast dat it feest yn Ljouwert noch grutter wurdt as dat fan Snits, se ha der sels in ringriderij, no dat hat folslein neat mei skippen te krijen, mar it is tige gesellich fansels. No en at dan moandei  de alvestêddefarders fuortgeane wurde se útwuifd troch al dy skippen en skippers, fantastysk. We kin it net moaier krije.

Of….no ja der sit my in dinkje dwers. De namme fan dit evenemint. Sju de echte alvestêddetocht, Sipkema rôp yn 1985 hiel út de skroeven it sil heve, gewoan in kreet. Mar elkeniein wie sa bliid dat it heve soe, dat it in soarte fan  steande útdrukking waard. En doe’t Henk Kroes de moarns 2 jannewaris  1997 fan bêd kaam en neitocht oer wat foar kreet hy slake soe, doe seach er de âlde winnende keatskrâns oan de muorre fan syn hûs, en doe wie hy Fries genôch om te begjinnen mei it giet oan. Prima. Eigen libben. Mar no hyt dit evenemint De Boat giet oan. In keatsterm , dy’t bekind waard yn it reedriden. Mar neat mei de skippen te krijen hat. Ik fyn der al neat mear oan. Ik  kom net iens mear…..

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s