Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

25 07

 

Jo sille mar in wike jo tintsje delset ha op in Fryske kamping, ticht by it wetter. Jo ha foar dy perioade ek in falkje hierd, moai wat sile mei frou en bern, rêstich skoue oer de fryske marren. Dream mar lekker fierder. Je sieten de hiele wike al net sa noflik, hieltiid eins wat in te hurde wyn en reve wolle dy falkjes no ek net sa  bêst. It wetter kaam alris in pear kear ticht oan de tintedrompel ta. De lju rûnom jo waarden hieltiid wat lêbberiger, de bern begûnen te seuren dat se leaver wer nei hûs woene, wit je wol sa’n ding mei in deeglik dak, mei in lekker droech bêdsje en mei in kleuretillefyzje. No ja sa wienen je wat yn de mineur freed op it ein fan de middei en doe kaam de echte sondfloed los. Wyn en rein. Rein en wyn. Se dienen om it hurdste. De Friezen dy’t no ek fakânsje krigen hiene giene net fuort, lekker tús bliuwe. Of se gienen nei in fleanfjild en kochten dêr de earste bêste goedkeape flecht nei de sinne. It skynt dat je dêrre gewoan op strjitte sliepe moate, der is gjin plak mear, mar dat let neat, da’s altyd noch better as op in kamping yn Fryslân. Dêr dreau alles de feart yn. Minsken rieden lulk nei hûs, haren tinten wiene yn ien feech ferdwûn yn de rjochting fan Noardwâlde, der skynt in winkel begûn te wêzen mei de ferkeap fan fuortwaaide  tinten. En alle eveneminten en dat bin der noch al wat , moasten ôflast of oanpast wurde. Hiele doarpsfeesten giene de prullebak yn. Dat hiele gedoch fan de Boat giet oan , wat sokke gesellige dagen yn Drylts , Snits en Ljouwert fersoargje soe is ien grutte mislearring wurden. Alle byprogramma, de feart yn. Ik sei twa kear de feart yn, dêr koe alles wol terjochte, want de boaten fearen der net. Brêgewachters foelen yn sliep, se draeiden inkel foar wat fan dy lju dy ‘t dan út lulkens al fuortfearen, mar der nei twa menuten al wer spyt fan hienen, wer moat je hinne, alles leit stampendefol.

Wer ha we dit oan fertsjinne? Ha we wat ferkeard dien? Ha we ús net sosiaal gedroegen? Ha we hjir krekt yn Fryslân tefolle CO2 fersmoarge, sadat alle wetter fan de poalen hjir hinne komt. Ha we Sjoerd Galema net goed behannele, sadat we dat yn min waar wer werom krije, yn Ryslân wer’ t syn oare pleats stiet is it moai waar, 30 graden. Of is dit in proses wat jierren lyn begûn is, wat him gewoan trochset. Want it byld is dudlik, maart april maaie bin moai, dan is it oer. Dan wurdt it wat buiiger, mar sa no en dan is it ek wol moai waar. Neisimmerwaar yn juny. No july is echt hjerst, augustus dan komt de winter der yn, sniebuien bin al oankundige. It ferskood gewoan. Wer ha we dat oan fertsjinne.

Oan Fryslân Marketing. Dat hat de leste trije fjouwer jier sa oerdreaun fertelt hoe moai at it hjir is. Dy skildert it byld fan Fryslân as oarde wer’t it altyd moai waar is, wer’t je yn de eveneminten ûnderdompele  wurde fan gelukssalichheid. Wer’t je aloan moai farre kinne, oeral lizze. Watte, Fryslân is by útstek geskikt om yn in tintsje om in camping te stean en in falkje te hieren, dan ha je in skitterjende wike. Dat is allegear net sa. Fryslân Marketing moat op de realiteit oergean, en soe ris in kear derby sizze moatte, útsein at it reint en waait, want dan is hjir net te wêzen.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s