Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 07

 

Ha de sinne skynt wer, efter de dize. Dat docht rjocht oan al dy ûntelbere minsken dy’t dwaande binne om de kommende wiken ta de droksten fan Fryslân yn it jier te meitsjen. It is trije , fjouwer wiken eveneminten, inkel mar eveneminten. En wat ik elk jier wer ferbazingwekkend fyn , dat is de hege opkomst fan publyk oeral, wylst it al 100 jier deselde eveneminten binne. Krekt as ha se al moannen  stien te wachtsjen en dan stoarte se har op dy eveneminten. It begjint hjoed al, at de boerebrulloft yn de Jouwer los giet. Joure wurdt as eveneminte-oarde faak fergetten, derom begjinne we der. Net inkel de boerebrulloft, ek noch de iepening fan de ballonfeesten. Tsientallen ballonnen fleane wit wer oer de provinsje, gean del op de meast frjemde plakken , mar oeral wiuwende minsken nei it publyk wat moai ferspraad oer Fryslân stean  bliuwe kin, en krekt it platte plattelân fan Fryslân is geskikt foar dy dingen om einen te sweven. De meast frjemdsoartige  ballonnen gean los, en it meast singelier is jûn fansels in deltafleaner dy’t ûnderweis parallel en synchroon mei in  tal guozzen fljocht. Dêr  mei dus út noch yn net op joegen wurde, op dy guozzen, hoewol, it soe trouwens wol in grap wêze, mar ja aanst hat dy deltafleaner in skot hagel yn’e kont.

No ja de Veenhoop tinte stiet der ek wer, it bier kuollet ûnder de greide en de gemeente fecht mei de alsmar mear leven meitsjende jeugd op de meast frjemdsoartige far- en foertugen in felle striid út, dy’t de oerheid ferliest. In dei dernei, sneon giet it skûtsjesilen los, der komme de leste jierren safolle boatsjes op ôf, ik soe wolris ien bepale litte wolle hoefolle minsken at yn Grou komme, it is ien fan de drokst besochte eveneminten yn Nederlân, mar je sjogge it net, de lju sitte allegear  op boatsjes. Mar se moatte hurd, want tiisdeitejûn moat elk wer yn Surhusterfean wêze, der komme Evans en Johnny, en Liuwe. No dat sil my dochs in minsken lûke, de aardichheit is dat se it der altyd noch fergees dogge, mar ja it is ek net mear as in sjootsje. De dei derop de PC, der meie troch de hjerst net safolle minsken komme, de PC is altyd útferkocht, werby se der sels op rekkenje dat nea elkenien tagelyk op it Sjûkelân is, oars kin se der net op. De Freule  is in wike letter, like folle folk, mar  da’s noch mear foar de  gesellichheid. Bûtenpost en  Riis, iepen doar concoursen mei hynders en oar guod. De Snitswike is yntusken los gien, in lytse tûzen boatsjes mei twa man deryn , plus oanhang en feestgongens, se râne de stêd út. Ik sil wol in hiel soad ferjitte, o ja it fuotbaljen fan Herarrenfean en Cambuur begjint yntusken ek al wer, stadions útferkocht, en sa is der fansels noch folle mear .Trije wike lang komme der  tûzenden , nei tsientûzenden minsken nei Fryslân ta, mei syn safollen gean we sels net oan de kant stean. Hoewol, ús kommissaris past syn fakânsje oan, is by elke stap folklore, sport en wille. En at je goed sjogge, dat dogge wy ek. Eins bint gewoan wat Fryske feestjes, mar elk is wolkom, desneeds lizze we wat út. Mar sa’t ea in Hilversumske kollega tsjin my sei: jullie leven zomers ook. Frjemd evenemintefolkje, dy Friezen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s