Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 07

 

Moarn giet it wer los, it skûtsjesilen. De fierljeppers, de keatsers en de hynstelju sil it my ûntstride, mar skûtsjesilen hat efkes wat mear betsjutting as dat oare spul. Fansels yn de streken wer’t soks dien wurdt , der is dat net hielendal sa, mar as je fan út de bûtenkant fan Fryslân der nei sjogge, dan kom je earst op skûtsjesilen. Dat komt omt Fryslân wat mear mei farren hat. Yn in reedriderskantine yn Amsterdam: Waar woon je eigenlijk  no dan  tink je it gegniis al te hearen, as je sizze Gaastmeer. O daar, daar hebben we nog gezeild, is daar niet……Fryslân is foar de bûtenFries in oarde wer’t je sile.

De skippers dogge dat har hiele libben al. Want de earste twa wike is it net allinne skûtsjesilen, mar is it ek it feest fan de beropsskippers. Eartiids spraden se dat út, sa no en dan in dei earne, mar se ha dat komprimeard ta twa wike. En de âlde nammen fan doe stean noch hieltiid oan it helmhout fan de skippen wermei’t harren pakes en oerpakes harren brea fertsjinnen. En der mei fan allerhande nijs oan de hân  wêze, in Langwar wat holpen wurdt troch it team Heiner, dekken fan3 millimeter, mêsten dy’t safolle stabocht ha, dat it nearne nei liket as der gjin seil oan hinget, tagelyk bin se sljocht net it âlde. Inkel it ferrekte jild. Djoer spul wer’t dy seilen fan makke wurde , yn de 90 jierren tochten we dat je wol tsien jier itselde dacron tuch ha koene, mar elk jier in nij is better, en dus bart dat, in stik as 7 dit jier. Want de striid tsjin elkoar is ferskrikkkelik fel. It foarseisoen waard teistere troch  in hoop min waar, Huzum hie in nij seil wer’t se net ynreve woene, we wit noch net wat dat kin. Langwar hat ôfroune snein  in nij seil krigen, en doe moasten se mei wynkreft sân de Wielen op, om te sjen at it wol goed stie, wy witte it net. No ja, ik wit wol wat, mar dat sis ik noch net, de pouleynfullers hoege it net te witten.

Der stiet moarn in noardweste wyn, en dat betsjut dat der wer starten wurdt op de Pikmar, dan in heel ein heal en foar de wyn en  dan komt de Tynje wer , yn ‘e wyn. It folk op de wâl fan de Tynje kin de skippers hast oanreitsje at se dêr yn de slach geane, der skood fêst wol ien as twa de wâl op. Want de striid is fergeven, dat wik ik jim. Hearrenfean, Grou, Snits, de Jouwer, Boalsert sitte lykas de leste jierren wenst foaryn, hoewol Grou hie fannewike de mest stikken, dy moat noch wer lime wurde. Drachten, Lemmer, Wâldsein, Earnewâld en de SWH ha sjen litten dat se dêr eins net foar ûnder dogge. En Ljouwert is der altyd wer as it silen begjint. En wat is de echte krêft dy’t Langwar opdien hat. En fansels moat Berend Mink , nij op de Heale Moanne, mei syn erfaring dat ding oan de praat krije. En dat geheimsinnige seil fan Huzum, krijt dat it skip oan de praat. It mei dúdlik wêze, jûn dan sliepe fjirtjin skippers en har bemanningen tige min, se fiele dat se allegear wol in kâns ha, al seit it wurd kampioen inkelen mear as de oaren dy’t in deisukses neistribje.

Dan komt de IFKS, bestiet 30 jer, in eigen libben, in eigen koers. Wy moat ús dan  efkes omsette, twa skipslingten by de SKS bin trije by de IFKS om mar in foarbyldsje te neamen. Mar ek dat is tige aardich. Trije wike. Ik gean  der yn op, hielendal. Efkes gjin moarns kollum dus.   Want trije wike seure oer it skûtsjesilen, nee dat is jim ek wat tefolle.

Plaats een reactie