Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 09

 

Goeiemorgen. De simmer yn Fryslân is foarby. Hy foel op 17 augustus en 3 septimber. It waarberjocht wie fierder ientoanich : bewolke, rein en sinne, jim sjoch wol dat de earste winne wil. Temperaturen  te leech , wyn te heech om der wat moais fan te meitsjen. Mar ja, je ha fakânsje. En dan kom je oer it wetter, nei de spoarbrêge op in moandeitemiddei kertier foar seizen foar de brêge yn Warkum yn de dyk Balk-Boalsert. Der sit mar in bytsje libben yn it hokje, mar is dat in holtsje? It beweegt net, sa stil kin inkel in brêgewachter op in fêste brêge sitte. Mar in kertierke letter is der ynienen beweging. De bomen gean del. Mar we bliuwe rêstich , hy jout gjin heal grien. En sawier, der komme sa’n 20 boaten út Warkum wei farren, ja dat wie yndied wat krap wurden. Mar noch gjin heal grien, nee, de brêge giet wer del. We skoue wat yn de efter ús lizzende jachten op, en lizze wer parmantich klear, dy brêgewachter lit de bus de dy auto’s der del, en dan kinne wy. Mar it brêgewachtershokje is leech. Dat holtsje is fuort. Mar hy is it trepke net ôfkaam. Wer is dy brêgewachter bedarre, hy hat toch dy oare 20 der ek trochlitten. In djippe stilte falt oer it wetter, de dyk der sûzet sa no en  dan in auto oer. It duorret oant healwe sânen en dan is it holtsje der ynienen wer. En tsien menuten letter giet de brêge op heal grien en efkes letter kinne we troch. Wy ha ús de hiele jûn ôffrege wer’t dy brêgewachter wie, mar de ienige wierskynlike konklúzje is dat der in geweldich moai frommis op de grûn fan dat hokje lein hat, en dat de brêgewachter der tusken  twa wipbeurten ek noch efkes oer gear moast. Mar we hienen dan wol wollen dat er dat efkes sein hie, dan hienen we it efkes witten. En ek wat oars dien of sa.

It giet noait om ien brêgewachter. It giet om it gehiel. En ek dan bin wy hjir yn Fryslân frij ûnferskillich oer hoe’t de rekreanten hjir hâlde en keare. We sette hjir samar minsken op brêgen dy’ t der noch te min ferstân fan ha. Wit elke brêgewachter wer’t de wyn weikomt en dat je dan better de foar de wyn jonges earst gean litte kinne omt in skip beter mei de kop op‘e wyn te hâlden is. Witte dy brêgewachters wol dat je troch efkes wat oanwizings of ynformaasje te jaan , in better begryp kweke by je besikers. En dat it ivige geangel nei jild de minsken fierwei de strôt úthinget. Sterker. Wy tinke altyd mar dat we mei de toeristebelesting wat efter oaren oanrûnen, mar dat kin inkel mar wêze dat we it erfskip fan ús alles fertsjinjende eilannen oernaam ha. Wol aardich is dat je no in moai eintsje farre , nei bygelyks Makkum, dat je dan gjin toeristebelesting hoege te beteljen, “jo wenje dochs ek yn dizze gemeente”. Frek ja.

Mar we bin hjir wol op de sinten hear, Grinzer ynslach. En dat krij we om de earen, want dizze simmer kostet legio de kop, te min werom krige fan te hege ynfestearings.

Mar we soenen in soad werom wûn ha, at we ek wat aardiger wiene hjir yn Fryslân, wer’t de lokale befolking ôfstân nimt fan de rekreant.

Bin dy lju ek wer. We strike it jild op en dat is it dan.

We kamen oan yn Den Oever. Moaie nije steigers yn in bûtenhaventsje. Fansels in man  om lizjild, dat is net oars. Mar by de term toeristebelesting barste hy yn laitsjen út, we mochte gjin fize wurden sizze. Letter op de jûn troffen we as baas fan in restaurant in Fries, hy kaam fan Kollum, wie hjir tritich jier lyn kaam. “En ik wol hjir noait wer wei”. Krekt oars.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s