Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 09

 

Moai waar hè. Skitterend. Beammen om. Stoarmskea. En dan bin der ek noch dwazen dy’ t begjinne oan in alvestêddetocht hjoed. It is net te leauwen. In alvestêddetocht.  Ik tocht dat we alles, útsein miskien figuersaagjen, al hân hienen wat de alvestêddetocht oanbelanget , mar nee hear, we krije aanst de start fan de SUP alvestêddetocht om njoggen oere yn de Prinsetún. Efkes tocht ik dat se it dakje fergetten hienen en dat it in sûp-alvestêddetocht wurde soe. Dat soe noch kinne, dat dienen we al fier foar de allerearste alvestêddetocht op redens. Mar dit is in echte SUP alvestêddetocht. SUP? Stand Up Paddle. Ja ik kin der ek neat oan dwaan , ingelske teksten mei Hawaiaanske ynfloeden op de rûzige fryske wetters. Want Stand Up Paddle betsjut dat je op in soarte fan planke steane, sy neame it in SUPboard,  en wat mei in peddeltsje yn it wetter omslagge sadat je foarút komme. Nou dat is my in geklau. Nee , sizze dy suppers, dat is een rerlaxte wize fan bewegen op it wetter. En maklik, skytgemaklik , yn fiif mnenuten wit je al hoe’t je it dwaan moatte en at je dan nei dy fiif menuten út leger wâl komme kinne dan kin je fierder in hiel jier suppe, seit de folder suppe. In rondje citypeddelen door de grachten, jassus, en dan al dy Ljouwerters of Snitsers stean te gnizen at sa’n ien foarby giet.  Of een relaxte tocht in de natuur, no de boeren om de Frentsjeterfeart hinne ha noch noait sa lake. Sa’t se hjoed alle lju tusken Ljouwert en Sleat gnize litte. Sju dy Suppers dogge itselde skema as de kuierders, yn fiif dagen lâns de alve stêdden peddelje, mar ja at je aanst al dy oeren tsjin de wyn yn peddele ha, en dat kin echt net relaxed, ik wit net. Je wurde  betize ut it iggestrewiel helle tusken Ljouwert en Snits, tink. En kom je der noch wol  troch dan gean je yn de romme wetters wol efterút nei de kant. En mochten je al yn Sleat oankomme, ja dan bin je folslein  útteld en gean je gau wer nei it fleantuch nei Hawai, der’t je moai lykas elk wat omtuorkje op sa’n ding, mei de lytse bern moai foarop it plankje. Wy witte wol dat it net kin. Wy wrikke hjir heechút in lyts wetterke rjocht oer, mear kin net op ús weagen. SUPboarde op de wylde Heegemermer en Sleatemermar, ja ferjit dat mar. Ja miskien mei in Hawaiaansk koeltsje, mar yn’e hjerst?

 

Dit is ek wer betocht troch in Friezin  dy’t op Hawai telânne kaam. Soe it no net mooglik wêze dat it de yn it bûtenlân wenjende Friezen ferbean wurdt om alvestêddetochten yn it libben te roppen  foar de spultsjes dy ’t je yn it bûtenlân dogge. Sterker, neffens de kranten binne tige gelearde Japanske minskjen dwaande mei in ûndersyk nei de histoaryske ûntjouwing fan de Fryske stêdden en wat je der dan oan ha yn de fierdere mienskiplike ûntwikkeling. In djoer ûndersyk, mar djip bûgjend hat de deputearre har wurdearring derfoar toant, dat der no eindelik  útsocht is wat se al wist. Dy stêdden ha mar ien ferbân , en dat wie doe’t in pear reedriders seine sille wy dy alve stêdden ris by del ride. Derút ûntstie de alvestêddetocht op redens. Dernei besiket elk syn of har 11stêddetocht derfan te meitsjen. Kuierje, fytse, skeelerje, autopedsje, swimme, sile, surfe, hurdrinne, op’ e knibbels, ensafuorthinne. Dat hiene dy stêdden nea tastean moatten. De alvestêddetocht op redens hie hillich wêze moatten, net ien hie der bûten oan dy namme komme mochten. Dat is har bining, net al dat oare gedoch.

Watte? Eeh ja, dat is ek sa. Dy suppers dy’t aanst fan start geane foar harren ûnmooglike fartocht dy neame it de SUP 11 city tour. Ja, da’s wat oars.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s