Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 09

 

Sa heal tusken Frentsjer en Boalsert yn leit  Lollum. In âld terpdoarke. Sa’n 400 minsen wenje der, eartiids wiene se boer, of meast boerearbeider, no wurkje se yn de grutte plakken en ha in moai hûske yn’e stilte. It liket sa’n ferskriklik rêstich doarpke dat we it hast ferjitte soene. Mar hjoed komt Lollum ta libben.

Want hjoed wurdt de iisbaan, it sportfjild en it boarterstuntsje iepene. En dat bin dan  fan dy byienkomsten wer’t ik sa fan hâld, ik fertel it jim efkes allegear. Om fjouwer oere moat elk sitte yn   it doarpshûs, efkes efterom gean. De grutte minsken krije kofje mei wat lekkers, it sil wol in stikje oranjekoeke wêze, de bern krije ranja en de kaartsjes foar de ballonnen dy’t aanst loslitten wurde meie. Soks jout in drokte, dat duorret wol efkes. Der stiet dat de foarsitter fan doarpsbelang Lollum Waaksens Jehannes Herder om tweintich oer fjouweren begjinne sil, we ferwachtsje dat it dan wol tsjin healwe fiven rint. Herder sil beklamtoane dat gearwurking der foar soarge hat dat dizze akkommodaasje ta stân kaam is. Kees Koopmans, de foarsitter fan de keatsklub sil dat ûnderstreekje, en hy sil de minsken dy’t meiboud ha oan it nije geboutsje fan de keatsers en iisklub priizgje. Dernei sprekt Sjoerd Bijma út namme fan de iisklub, dy sil fertelle dat der no al jierren en jierren striden is foar in goed plak foar de iisbaan , moai dat dy der no ek is, de ferljochting stiet ek al oerein.  No en frou Gerrie Folkerts-Schilstra is út namme fan de boarterstúnkommisje fansels hiel tefreden  dat de bern op de rekken klimme kinne as de âlderen ride of keatse. En elk fan harren priizget om it libben de frijwilligers, de jildjouwers en de meibeteljende gemeente. Se prate allegear te lang, fier oer fiven komt it twadde bakje kofje,  en  dan begjinne se allegear ûnderling te kletsen en de bern moat pisje of wolle ek in stikje oranjekoeke. Dus in heel o heden en by dit waar net noflik om elk nei bûten te krijen, mar dat moat want by de haadyngong moat wethâlder Wigle Sinnema it hiele komplex iepenje, en dat docht er fansels mei in fluwielen tonge nei it doarp: wat ha jim in geweldich stik wurk dien. No ja , nimmen heart it, want de tried fan de mikrofoan wie net lang genôch, hy moat sûnder. No ja, en dan moat je allegear hoera roppe, dan ûntbleatsje Reinder Luimstra en  Gerrit Hendriks, it âldste en jongste lid fan de keatsferiening de namme fan it keatsgebou, de bern litte dernei de ballonnen op. En dernei meie der noch sprekkers komme, mar elkenien hopet dat se allegear de bek hâlde , want dan kin de borrel komme, en it iten moat nedich opset wurde en … Dat Jehannes Herder noch in tankwurd sprekt stiet wol op it roaster, mar ik bin bang dat it der net mear fan komt. Ik ha nammentlik ien puntsje oerslein. De bruorren Anker, abbekaten yn Ljouwert, en tv-stars , sille it klubgebou  oan de iisbaankant iepenje en ek in namme ûnthulle. De bruorren Anker  by de iepening fan  in multilyts sport en recreaaksjekomplex yn it fiere Lollum, ik bedoel se wenje yn Akkrum.  Hoe ha se dat yn Lollum klear krigen. No we bin wis dat se dêr yn Lollum gjin minsk iten krije sil, at de Ankers begjinne te praten kin gjin rjochter se tsjinhâlde , lit stean Jehannes Herder. Ja ik wit noch wol dat de Ankers  sa min reedride koene, dat se nea de earste ronde trochkamen op it skoalriden yn Akkrum. Mar ek dat Wim likegoed foarsitter west hat fan it Bûn fan iisklubs. En ik herinnerje my dat we ris tegearre yn de kroech yn Arum sieten, hoe hjit dy ek wer, ja de Gouden Leeuw, en dat Wim Anker doe in envelopke mei jild joech oan minsken fan in iisklub. Dat hie te krijen mei in saak dy’t Anker ea ferlern hat yndertiid. Sa sawat. Mar dat fertelt hy fansels fannemiddei wol. Der moat we hinne. De coming out fan de Ankers. Yn Lollum. Dûbeld feest.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s