Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 09

 

Jûn is it neisimmerfestival yn Lemmer. Mar at je gjin simmer ha, kin je ek gjin neisimmer ha, dus it reint jûn gewoan. Moarn wurdt it moai waar ter benifysje fan de lju dy’t mei lijen tusken de fakânsjes en de papieren hjerst noch in datum prikt ha foar wat aardichs. He, sa’n shantyfestifal yn Wâldsein of swimmend toeterje yn it gehiel fan al dat brass en hoempagedoch yn Ljouwert ûnder it motto toeten noch blazen, at it ek mar net fersûpen wurdt. Alle mûnen yn Fryslân draaie, it is ek noch iepen monumintedei, no ja Fryslân is ien grut monumint. En al dy lju dy’t dat soks organiseare lizze optheden op de knibbeltsjes en freegje droegte, sinne, miskien in bytsje waarmte. No ja Pyt jout se in bytsje, mar hat it ek oer al gau opsetten kommend ûnwaar moarn.

Deroer sprutsen, ûnwaar, dêr kin we moarn wol efkes hinne fansels, de iepen dei fan de gemeente Harns. Op alle gemeentelike lokaasjes is wol it ien en oar te belibjen. It sintrum foar kultuur en histoarje, it Hannamahûs is fergees iepen. It Vierkant ek, âlderen-  en jongerenwurk stean der yn de belangstelling. Je kin mei in rûnfaartskip fanút it sintrum nei de Westerseedyk farre, der jout de brânwar demonstraasjes. Op de Haventoer kin je útsjen oer de Waadsee, dy’t  behannele wurdt op it Waddenkantoor wat ek iepen stiet fansels, dêr kin je sels digitale bestimmingsplannen besjen, dêr kom je te witten hoe’t it riolearingssysteem wurket, minsken wolle altyd witte wer’t de stront hinne giet seker. Yn de Groenlandvaarder wurdt it plysjewurk sjen litten  en kin je Sosiale zaken en wolwêzen bestudeare, der ha minsken altyd o sa’n nocht oan .

Nee, dat útsicht op it havenkantoar is fansels moai, en dat eintsje farren  ek wol, mar foar de rest …….nee. Elkenien reizget fansels nei it stêdhûs. Ja, der kinne de bern foar spek en beanen boaskje (troue) , mar doch dat mar yn in apart keamerke en fertel dy bern ek hoe’t se wer skiede moatte, it hiele ferhaal dwaan, mar der giet it ek net oer. Nee, de lju yn Harns reizgje massaal nei de riedseal. Want der steane riedsleden en  kolleezje klear om mei jo yn petear te gean. No dat wol we wol:

Wat is dat hjir in suterige boel, dat jim net mei elkoar wat dwaan kinne. Wat hat dat geouwehoer foar sin. Dy REC stiet der, akseptear dat no , en begjin eindelik ris oan de rest fan it ferhaal. Wat is dat foar gedoch dat jim allegear fuortrinne. En de boargemaster ek noch, hjir bliuwe, wurk ôfmeitsje. Harns moat  de brûzende foarstêd fan Ljouwert wurde en net in sinleas lullende mienskip, dy ’t elkoar de bek snoert mei in soad gepraat sûnder ynhâld. Dy’t fan alles lekke lit. Oan it wurk bliksem. Elkenien dy ’t in bytsje ferstân hat stapt derút en elkenien dy ’t gjin ferstân hat dy giet troch mei dizze skyngefjochten dy’t nearne ta liede, in sfear fan jan kont. It wie altyd sa dat jim net iens wisten hoe’t jim it jild dat jim ha brûke moasten, no  sis jim inkel nee tsjin elkoar, net ien docht in stapke oer de streek. Al sûnt de ferkiezings is it hjir yn Harns mis. Der waait hielendal gjin Frisse wyn, der waait in wiete, nearzige hjerststoarm dy’t de hiele befolking fan Harns al tiden sear docht. Watte, hâld ek mar op, sa gau mooglik nije ferkiezings en net ien dy’t der no yn sit mei werom komme.

 

Yn de riedsseal bliuwe moarn de riedsleden ferslein efter. De befolking hat sprutsen, no ja spuid. Se woene wol dat se mei boargemaster Scheffer meigien wiene, op fakânsje nei Dubai.  No  stean se hjir foar lul. Se hienen wol ik wit net wat  jaan wollen  at dizze iepen dei net trochgien  wie op dit stuit. Benijd hoefolle at der siik binne moarn.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s