Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 09

 

D’r sil hjoed de hiele dei noch oer praat wurde, de 3-0 oerwinning fan Hearenfean op Grins yn de eredivise fan it betelle fuotbal. Hjoeddedei is soks hiel wat wurdich. Wat sil der in grappen makke wurde oan it adres fan Grinzers. Wat sil der moaie teksten oer Hearenfean sprutsen wurde. Kampioen fan it Noarden. Ensafuorthinne. En fansels wie it moai , de sfear yn it stadion nei de tredde goal, doe’t it wol wis wie dat se winne soene. Sa’n hiel stadion wat efkes stean giet, oanjage troch de mannen fan Nieuw Noord, dy wolle eins net sa betiid nei it fuotbaljen , de wedstriid begûn healwe ienen,  mar dy setten it stadion oerein mei in feestlik applaus foar de mannen  dy’t de earste oerwinning fan dit seisoen  besoargen. Moai, frekte moai.

Mar jim ha toch allegear wol sjoen hoe’n minne wedstrid as it wie. Kampioen fan it noarden mar ek fan de earmoed. Grins hat twa fleugelferdedigers die Assaidi en Narsingh folsein ûnder de seadden stoppen, net sichtber. No Dost rekke gjin bal goed, útsein dan dy goal,yn de lêste sekonde fan de earste helte, dat wie wol goed. Dat wie ek goed wurk fan Gouweleeuw. Dy’t as ienige yn de ferdigening oerein bleau, de rest wie sukkeljen. Nee, dat siz ik ferkeard, Vandenbussche hâlde Hearenefean op nul, want Grins krige wol kânsen yn dat ferdedigjend swakke spul. Mar at de oanfal en de ferdediging swak binne ,wat betsjut dat. Presies, it middenfjild doogt net. Spile op ien line, gjin inkele djipte , net nei foaren en net nei efteren. It waard nei rêst jusjes better, mar miskien ek wol omt de Grinzers it dêr hielendal net koenen. Mar it wurdt tiid dat Geert Arend Roorda werom komt. Of sawat, in bytsje mear fuotbal yn de midden.

Ron Jans moat noch mar efkes trochwrotte, de lêste twa wedstriden hat hy yn elk gefal bewiisd dat Hearrenfean noch stride kin en dat is it alderwichtigste, dit publyk wol net dat je apatysk efter de feiten oanrinne, wat dwaan, pak oan, wurkje, fechte, wrotte. Dat giet dus goed.  Mar we moat miskien mei syn  allen dy Ron Jans ek lekker oan it wurk litte. Hiel frappant wie dat Philip Kooke him juster nei ôfrin frege: “was je ook bang dat dit je laatste wedstrijd zou zijn?”. Jans joech in antwurd as begryp er de fraach net, mar hy wit fansels presies hoe’t it yn elkoar sit. De minsken sitte elkoar hieltiid mear op te naaien, as Hearenfean ferlern hie, dan  wie Jans fuort west. Jans sil de Krystdagen wol net helje. Soksoarte ferhalen. Hieltiid wer. Der soenen de minsken mei ophâlde moatte, dat is fernederjend foar Jans, hy kin ek net yn sa’n sfear wurkje. As je elke kear as in spiler de bal mist (at dat no foar of efter is) in siddering troch je liif fielen gean , sa fan no soene se my wolris ûntslaan kinne. En no wit ik wol dat it ûntstien is doe’t Hearrenfean yn de simmer de assistent fan Jans op non actyf setten hat, en elkenien fynt dat in soarte fan leste warskôging.  En ik wit ek wol dat op it stuit dat Foppe de Haan wer yn Nederlân oankaam wie, dat dy lûden dan  noch lûder klinke, der bin noch in soad minsken dy’t langstme ha nei Foppe syn tiid, mar dy tiid hat west. En Hearenfean hat no Jans. Jim soene ek net wurkje kinne as in oar hieltiid seit, no noch ien misserske en se smite him derút. Hâld dan op mei dat geouwehoer.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s