Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

13 09

 

It wurdt tiid dat der yn Fryslân wat bart. En it soe wol hiel moai wêze at de foarset hjoed komt fanút de gearkomste fan de deputearren. Dêr moat it wei komme. Fryslân jout nammentlik in fracht jild alhiel ûnnedich út. Der moat we yn dizze tiid mei ophâlde. Eins moat je der altyd mei ophâlde, mar sa lang at de beammen oan de himel tagroeie sis je, ach dat jild leit der toch mar te ferkommen, lit we dat en dat der ek noch mar by dwaan. Mar lokkich jouwe de beliedsbepalers fan de ekonomy yn de wrâld, de minsken dy’t oandielen ferhannelje, oan dat Fryslân in stapke tebek moat. Watte, in stap.

Alderearst lizze de bryfkes al klear, dat freed 2 desimber it provinsjehûs oan de Twabaksmerk iepene wurde sil. Deputeare Steaten moatte aanst mar sizze, dêr gean we gewoan yn en dan gean we oan it wurk. Gjin gedoch derom hinne. Nei in tal moannen komt der nammentlik noch in miljoentsje as wat oer hinne. En as je al witte hoefolle jild at dizze aksje kostte hat , hoe djoer at dat needgebou west hat, hoe djoer at it wie om op dat ûnnoazele plak dat wer del te setten, mar as je dan ek noch merke hoe’t it wurk útfierd is, mei wurksemheden dy’ t sadanich mei elkoar ûntspoard binne dat soks echt jild ekstra koste hat, en at je dan noch ris yn’t sin bringe dat der allang in goedkeaper provinsjehûs bûten Ljouwert , dus yn de provinsje stien hie , dan soe elke iepeningshanneling dy’t ek mar wat kostet, al is it in skjirre foar Jorritsma, tefolle jild wêze. En at we it dêr dochs oer ha, de útnoeging foar it ôfskied fan deputeare Sjoerd Galema ha we krekt binnekrigen, it is op 6 oktober. Mar DS moatte aanst beslisse dat se der in bryfke efter oan dogge, ôfskied giet net troch. Ja , Sjoerd giet wol fuort, mar dat fiere we net.  Dat bryfke kostet folle minder as in echt ôfskied. En dat is echt oerstallich. Ten earste fleane dy deputearen sa maklik yn en út tsjintwurdich, ôfskied nimme hoecht net mear.  Boppedat, mei dy kontainerhaven foar Fryslan Campina bliuwt syn finansiële geast lang genôch yn it provinsjehûs hingjen. En  wat kostte dy reis út Nij Seelân sa gau werom wol net. En at we it dêr dochs ha, sokke besites oan Friezen dy’t we hast fergetten wiene. No wer nei Brazilië. Wat kostet dat wol net allegear. Moat we mei ophâlde. En at we it dêr dochs oer ha, sa’n nij soarte Simmer 2000 takom jier wer organiseare, hâld toch op, ien kear moai. Jim kin net iens genôch jild foar de oanset ophoastje, skippe. En at we it dêr dochs oer ha, Paul van Gessel, dy’t dat jild fersiere moat, mei syn Fryslân Marketing, wat kostet ús dat net. En wat smyt it op? Ien lange simmerske reinbui jout oan dat de minsken hjir net hinne komme foar al dy saken dy’t Fryslân Marketing sa nedich en mei in soad sinten opwrot yn de publisiteit, rendemint, lit my net laitsje. En at we it dêr dochs oer ha, kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. Wylst Europa no al hast net mear bestiet. Dat is krekt like dom as Camile Eurlings jild te jaan om yn 2028 OS te organisearjen. En at we it dêr dochs oer ha………..

…………..No ja myn tiid is op. Mar Deputearre steaten witte bêst wat der allegear noch mear yn de prullebak sodemietere wurde kin.  Dy sliepe allegear al jierren net sa goed, omt se wol witte dat sa hannen fol jild nedeleas yn’e feart smite. Allinne……… se dogge der neat oan hear, gjin parsekonferinsjes aanst, it giet allegear gewoan troch, want yn ruil foar lytsskalich steand want fiskjen hâldt Jehannes Kramer him ek stil. Lykas allegear. Omt se yn in oare wrâld kaam binne as wer’t de gewoane minsken tahâlde.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Ik ben het zelden zo hartgrondig met je eens geweest als met deze column.
    Ga vooral zo door met het geven van je kritisch geluid.
    dat horen we(ik in ieder geval) veel te weinig.
    Groet, Marijke

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s