Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 09

 

Ja , ik moat efkes rêstich oan dwaan hear, ha krekt de kots fan justerjûn  oprêdden. Sju , ik moat altyd oer de nekke fan reklame. Ik kin der net mear oer. De hiele jûn allegear hieltiid wer deselde rommel tusken de programma’s troch en by de kommersiëlen gewoan om de tsien menuten. No sjoch ik dêr net folle nei,  mar sa nou en dan ha se dêr in moaie film. Dy’t dan wer ynienen oardel oere langer duorret as at er is, want der moat reklame tusken troch. Reklame. Op in debiele wize fertelle dat it iene better is as it oare. Sa dom dat je der lulk fan wurde. Mar it effekt skynt te wêzen dat at je al dy merken yn it skap lizzen sjogge , dat je dan ûnbewust dat merk nimme dat yn jo harses ynslein is, op wat foar wize dan ek.  Sju ik bin noch fan de leeftiid dat eartiids de winkelman lânskaam en ús mem skreau sûker yn it boekje en hy brocht gewoan in kilo sûker. Ien merk. Hy hoegde gjin reklame te meitsjen en ús mem moast dochs sûker ha. Mar no dy ferskiklike goarre. Ja ik wit wol. Ús programma’s wurde der foar in part ek fan betelle. Sil’t wol, tige wichtich. Sûnder mis. Mar reklame makket oan de oare kant ek wer hiel wat oan programma’s stikken. In fuotbalwedstrid, twa analisten yn de studio, dy’t wiidweidich fantefoaren fertelle oer de wedstriid. Mar yn de rêst komme se  elk mar 15 sekonden oan it wurd , want sels de publieke senders dogge dan  krekt as at der wer in nij programma begjint dan kin se dy rommel ek dûbel útstjûre. Lêsten ha’k de bantsjes fan de lêste alvestêddetocht, 1997, noch wer ris heard sa’t wy dy útstjoerden, we smieten ek oeral en nearne rerklame tusken, lange blokken, yn sân hasten makke, hurd efkes de moarns in  tillefoantsje mei Hilbert van der Duim opnaam oer wit ik net iens mear. In pear menuten gejeuzel fan Hilbert, minuten lang oaren. Allegear jild rôpen de reklameminsken hjir bliid. Mar de alvestêddetocht wie ferdwûn, dy ûntsnapping en dy misser fan Piet Kleine, ach dat moast mar efkes nei de reklame, in kertier letter.

Hjoed begjint de Friesland Bank mei de nije opnames fan de wat ik begrepen ha suksesfolle reklame searje mei yn it sintrum Jort Kelder. Jort Grachtengordel. Seit yn Quote hoefolle jild minsken ha, dus dan bin je foar de Friesland Bank ynteresseare yn bankzaken. Jan Mulder hat it ek in pear jier foar Postbank, letter ING dien. Jan Mulder fertsjinne in miljoen per jier. Postbank en letter ING seine dat dat jild der wol wer útkaam is. No kin je dat soarte rendemint nea mjitte, dus dat bin sinleaze diskusjes. En de teksten fan Jan wiene wol aardich pittich, mocht om my wol. Mar de fraach bliuwt at je altyd mei bekinde Nederlanders wurkje moatte. Dat soe my der wolris fan werhâlde kinne om itselde te bestellen as wer’t sy mei omgrieme. En de betizing at je Mulder sjogge yn de reklame en twa menuten dernei yn DWDD of Studio Sport. Wanneer docht ien reklame, wannear is der him of harsels. Jort Bretel is himsels. De arro. Internet? in  Friesland? Krekt de ferkearde toan, de Friesland Bank soe sa’n toantsje oer Friezen net tastean meie. Mulder-Postbank kloppe wol in bytsje, Kelder Friesland Bank is krekt ferkeard. Krekt as Albert Heijn it wol kin , en de C1000 net. Mar elk mei dat fansels op syn of har wize dwaan, at ik oer de nekke gean hindert neat, it giet om it rendemint. Mar ik woe fan de Friesland Bank dochs wol ien meidieling ha wolle. Sju Freark Smink die de radioreklame (willen is kunnen) mar kollega Joop Wittermans ha’t it op tillefyzje oernaam. Mar werom is Jort Kelder no Jort en  werom hiet Joop Wittermans dan Wiebe?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s