Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 09

 

Ik tocht, se heffe de helte fan it leger op, no hâldt it wol op, mar trije wike lyn fertelden de giele buordsjes rûnom yn de provinsje al hoe’t ik op de fleanbasis Ljouwert komme moat, omt dêr moarn en sneon de luchtmachtdagen fan 2011 hâlden wurde sille. Dan moast safolle jild besparje en dan jouwe se dat út oan soksoarte ûnnedige dingen. No seinen se juster dat se omraak besunige ha, dat bygelyks de minsken dy’t komme om keunstjes te dwaan, net mear yn hotels sliepe,  mar yn in sporthal, dat se gjin grutte auto’s en sa mear ynhiere, mar dat dat allegear út oare legerôfdielingen komt, krekt oft dat net djoer is om dat spul hjir te krijen. Boppedat tocht ik dat soks altyd al dien wêze soe, mar dat is dus net sa. No moai dat it no net mear bard, mar foar it leger is wichtich dat de taskôgers der neat fan merkbite. Se kinne folsein opgean yn  luchtmachtdagen. Alle ellinde dy ’t oer ús útstoarten wurde kin, dy wurdt ek lege. Net inkel de Patrouille Acrobatique de France is der, nee, ek noch de Red  Arrows en de Red Devils.  En at der no guon tinke dat dy lêsten Belgyske fuotballers binne, mis. It bin fleantugen dy’t allerhande keunskes úthelje, en der klappe al dy minskjen op’e grûn foar, en dat kostet ladingen fol hydrazine. En dy taskôgers klappe de hiele dei, hear. Want it F 16 Solar Display Team fersoarget in optreden, en ferjit net dat it Apache Solo Display Team  te bewonderjen is yn de nije kleuren. De nije kleuren. Dy moat wy sjen. Der is ek in Turks F 16 demoteam , in Turks demo team. Hoe meitsje ik safolle mooglik Koerden dea. O en wit jim dat in Air Power demonstration wat sjen litte sil fan de gearwurking tusken de legerûnderdielen en de ûnmisbere rol dy’t fleantugen hjiryn spylje kinne. No dat ha we yn Libie al sjoen, dat hoegt hjir net boppe Marssum. En at je der net hinne kinne of wolle, wat in segen wêze soe, mar dan kin je noch wol alles fan Twitter oant Facebook folgje. Ja der is sels in fergese iPhone applikaasje en der sit in spultsje yn en de winners derfan meitsje kâns op in flucht. Yn in simulator. Net te leauwen. Yn in simulator.

Je kin ûnder ek wat rûnsjen hear, at je it te bot yn’e nekke krije. Der wurdt fan alles tentoansteld. Ferskate fleantugen, mar ek helikopters. Mar der komme ek Russen en Afghanen tink ik, want geleide wapens wurde tentoansteld. We witte net wat it binne, de measte wapens liede nei de dea, dus bin se allegear geleid. En al dy al jierren besteande rommel wurdt tentoansteld ûnder de titel Future Operations, sá sille we yn de takomst wurkje mei de luchtmacht. De krijgsmacht van de toekomst. Skyt omheech.

Ik bin wat mylder wurden hear. Myn hiele libben ha’ k roppen dat twa dingen yn Fryslân daliks fuort moatte, it stjonkfabryk yn Burgum en de fleanbasis. Dat stonkfabryk stiet noch, mar de fleanbasis , no ja, dan bin ik ree om dat yn te slikken, omt der safolle ekonomyske aktiviteit foar allerhande oare as militêre dingen fan  komt, ach no ja, boartsje dan mar troch. Mar luchtmachtdagen, as diken stillein wurde om dêr auto’s op te parkearen, as fleantugen as wylden yn de loft oan de gong binne, mei in ferskriklik en benammen oerstallich leven , as it allegear noch duorret ek fan moarns ier oan fiif oere, dan bliuw ik dêr oer nee sizzen. Sju , gewoanwei wiene de luchtmachtdagen yn juny, mar omt der safolle doarpen binne mei doarpsfeesten dogge se it no mar. Ofsjoen dat der like folle doarpsfeesten binne, jouwe se dus ta dat se oerlêst besoargje. En wat dogge  militêren ornaris mei oerlêst fersoargjende saken? Just, dy romje se op.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s