Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 09

 

Wio Joustra hie sneon op de foarside fan de Ljouwerter Krante in kommentaarke oer de weryndieling yn Fryslân. Hy fynt dat de diskusje net goed ferrint. Dat is ek sa. Mar dat hie hy alve, tolve jier earder skriuwe moaten, want sa lang al ferdomd de provinsje Fryslân it om it foartou te nimmen en dat soe die ienige garânsje op in goed slagge weryndieling wêze. No ja in kâns op garânsje , want alles giet sa hurd, Fryslân is hast earder opheven as Boarnsterhim. At minister Donner seit dat Terherne pas yn 2014 klear is om nei Friese Meren te gean, dat betsjut dat ek dat Boarsterhim net earder út elkoar falle kin, en dêr snakke dy minsken nei.

Jûn is it folgjende ferhaaltsje yn dizze soap, en Wio kin wis wer skriuwe oer de puberale trekjes fan dit gedoch. Jûn komt de ûndernimmersferiening OVL fan Ljouwerteradiel, tegeare mei de PvdA en de VVD mei in diskusjejûn oer hoe’t it fierder moat. Want dat wit net ien. Sju Ljouwerteradiel ûntflechte de avances fan Ljouwert en gie gearwurkjen mei it Bildt, Ferwerteradiel en Menameradiel yn de Middeslee fariant. Mar, strikt betingst, elke gemeente bliuwt apart bestean, inkel gearwurkje. Gemeentebelangen en de FNP hâlde dat oan de ein ta fêst en slepe it sa graach regearen wollende CDA mei. Mar OVL, PvdA en VVD witte wol dat je nei in grutter gehiel moate, mar hoe? Ljouwerteradiel en Menameradiel kinne sa nei Ljouwert, Crone hat al wolkom roppen, en dreamt dertroch fan mear posysje yn Den Haach. Wat dan mei de oaren? Sju Frentsjeteradiel wol mei Harns en noch wat, dy skuorre ek nei alle kanten. En Dongeradiel en Dantumadiel wolle yn elk gefal wol Ferwerteradiel ha. Allegear deabenaud foar it grutte geweld fan de Sudwesthoeke, dan moat wy ek mar gâns folk om de teannen ha.

Mar Reitse Ketellapper fan Gemeentebelangen en Jaap Keizer no wer  FNP hâlde fol, Ljouwerteradiel kin himsels wol rêdde, en no moat dy earme boargemaster Boertjes krekt beneamd, dat ek wol szze, mar hy wit wol better en is fêst al stiekem dwaande. Mar OVL, PvdA en VVD dogge it jûn iepenlik. Thorbecke man Rieks Osinga komt mei oplossings. Mar dy oare partijern dogge net mei, en dy twinge har neitinkende minsken tús te bliuwen. En wylst yn  it hiele spultsje fan  ikke wol en ikke net Ljouwerteradiel ynienen sintraal kaam te stean, meie b en w fan gemeentebelangen en de FNP ek net komme. Miskien dat dy jûn stiekem in gearkomste hâlde hoe kin we dizze gemeente bestean litte. En sa wurdt alles wat snel gean moatte soe dochs wer in hiele langtriedrige formele saak. Yn oktober komt deputeare Schokker nei Ljouwerteradiel om mei b en w hjir oer te praten, en dy soe dan neat oars heare as dat wy-wolle-selsstannich-bliuwende ferhaal, fan 4 gemeenten dy’t ien Middelseeflachje ha en der wat mei wapperje. Wylst der yn Ljouwerteradiel in kear safolle minsken graach wolle dat it allegear yn gong set wurdt, of nei Ljouwert of nei Frentsjer. Net tafallich dat de OVL no ynienen polityk meidocht. Want de politisi yn Ljouwerteradiel bewize mei dit gedoch dat se yndied totaal net yn steat binne om in gemeente te bestjoeren.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s