Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 09

 

Roland Kortenhorst. Wa kin him noch. Hy wie Twadde Keamerlid foar it CDA. Ik moast it opsykje en ta myn ferrassing hat er dêr noch sa’n seis jier sitten. Hy wennet noch altyd yn de Jouwer, siet foar syn Keamerlidmaatskip yn de skipsbou, hat dernei in fleanbedriuwke lieden, mar dat is op’e flesse gien. Mar hy wie dus Keamerlid fan 2002 oant 2008.  Keamerleden meie altyd op Prinsjesdag in gast meinimme, en sa wie ik ien  kear de gast fan Kortenhorst. Leaf fan de man, mar it hoegt noait wer. Fannemiddei as de keningin de troanrede útsprekt trochstreamd my in waarm en tefreden gefoel, sa bliid bin ik dat ik dêr net sitte hoech. Sa’n elitair, oerstallich en fierstentefolle jild kostjend barren is sa’n Prinsjesdag. En dan ha’k it net iens oer war der fan it keningshûs ferwachte wurdt en oer dat huodsjegedoch fan dy polityke huppeldingen, dat moat se sels witte, mar oer de hiele dei. Wat in poppekast sis. Praat my net fan dat it wichtich is, presentaasje fan belied en jildsaken, krekt as no hiene doe ek al Keamerleden en ministers alles al sein. Rin mar ris mei sa’n dei mei in Keamerlid. In Frysk Keamerlid. Moarns ier en betiid út Fryslân wei, want Jorritsma en de oare provinsiale trawanten (ynklusyf de oer in pear dagen opstapte Sjoerd Galema) ite moarns efkes mei de Fryske Keamerleden. Yn Den Haach. Krekt as sjogge se elkoar yn Fryslân noait. At je wat fan in Keamerlid wolle, praat je der daliks mei op 13 jannewaris of 7 maart, dan wachtsje je net oant 20 septimber. Sinleas. Jild en broadsjes fergrieme. Dan efkes nei de Keamer om jo gast alles sjen te litten, en grutsk lâns de bekindere nasjonale minsken te paradearen, dach Mark, dach Sybrand, dach Geert, o nee dy sit betize yn de feiligheidslju. Dan nei de Ridderseal, en mar wachtsje en mar wachtsje , dan de keningin, dan leve de koningin, dan sitten bliuwe, dan pas oerein, nei de sealen efkes fierder en der draeie de kamera’s, je drukke op in knopke en de wurden streame út de fraksjefoarsitters. Dat bin nammentlik de ienigen dy’t oan it wurd komme, plus de ministerpresident en dy fan de euro. De rest hobbelt mar wat om, sûpt hjir en dêr wat, bakken fol hapkes, der bin allerhande lytsere feestjes ek noch, se neame dat ûntfangsten yn it ramt fan it netwurkjen, no se dogge dêr yndied neat. Soe it dan net better wêze om de dei oer te litten oan de fraksjefoarsitters en de twa ministers, dan kin de rest gewoan syn of har eigen dingen dwaan. Se sizze teminsten dat se it altyd sa smoardrok ha, no gean dan net sa’n lummeldei nei Den Haach, ik wie út’e liken fan it neat dwaan. En wy hoege der alhiel net hinne. Fryslân komt der tige bekaaid ôf by dizze regearing, mar dat feroarje we net troch hjoed nei Den Haach te gean, want se ha allegear amper in menuutsje foar jo, dan  moat se wer earne oars hinne. En de deputearren kin hjir tús ek wol kleie.

En toch ha’k , mei tank oan Roland Kortenhorst fannacht dreamt oer Prinsjesdag yn Den Haach. Mar it wie in oare dag. Ik seach  dat John Jorritsma Mark Rutte by de strôt grypte en sawat smoarde mei in pompeblêddesjaal, dat Jannewietske de Vries en Sjoerd Galema steatsiktaris Halbe Zylstra ophongen oan it heegste punt fan it Fries Museum dat ynienen yn Den Haach stie, dat Hans Konst mei in swypke Henk Bleeker op knibbels ljipaaisykje liet yn de Hoffiver, dat lju yn Hearrefeanshirtsjes lege beerenburgromers tsjin de Gouden Koets smieten, en dat Jehannes Kramer mei in kneppelfreed yn’e hannen troch alle feiligheidsminsken hinneraamde en Geert Wilders syn prûk ôfskuorde, alsmar roppend: Fryslân is Europa, wy wolle Europa, wy bin Europa…… en doe skrok ik wyld wekker. Rêstich mar sei de frou, do hoegst der net mear hinne. Mar ik mompele: no dit hie’k no noch wol meimeitsje wollen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s