Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 07

 

De flagge moat út, it folksliet moat klinke, de romers moat fol jitten wurde, it is feest yn Fryslân. Harns heart wer by Fryslân. Jierren en jierren bin der foarby gien, en Harns kaam hieltiid mear en fierder fan de Fryske wrâld te stean. At de Friezen yn Harns kamen en tsjin elkoar seine yn it Frysk fansels dat it seesicht o sa moai wie en dat it hearrinkje fan de karre op’e brêge o sa goed smakke en dat…no ful mar fierder yn hoe’t jim altyd yn Harns omtoarken… dan lutsen dy Harnsers de skouders op, dienen har eigen wurk, wat der foar it grutste part  ek út bestie dat de Friezen  betelje moasten foar dat hearinkje en dat seesicht. Mar in Frysk gefoel krigen je dêr net. Sels net at it alvestêddetocht wie, o sa typysk Frysk. Ja, de minsken stienen der wol op de wâl, se klapten ek wol, mar  it wie krekt as wie der efkes reedriden yn Harns en dernei wer de hiele dei alvestêddetocht yn Fryslân. Ja fansels oerdriuw ik, mar je krigen no ienris dat gefoel. Of letterlik in kear doe’t we tochten in moaie radio útsjoering fanút in hotel yn Harns te meitsjen, mar krekt foar’t it begûn wie der in ober dy’t my ynflústere, mar wij foelen helemaal niks voor Omroep Friesland hoor, en niet voor de Friezen. Fernuvere siet ik him oan te sjen, mar de wat aparte en ôfstannelike gefoelens fan de ynterfjoede minsken , dat sei genôch. Inkel yn de tiid fan boargemaster Arlman waard it wat oars, dy hie’t it net yn’e gaten, mar fierder, hopeloos.

Mar no, no is it feest, want Harns hat eindelik út harsels sein dat se wol meidwaan wolle oan it nasjonale feestje fan Fryslân, de weryndieling. Se wolle ek wol grutter wurde. Ik tink dat se stiekem wei konstateard ha dat it folslein ûnmooglik is de gemeente Harns mei dy kosten yn stân te hâlden, sûnder wat stipe. Der is noch ien wethâlder, en der is yn de ried totale polityke betizing. Mar der prate se net lûdop oer. Se sizze no gewoan : jongens jim springe dêr sa moai mei elkoar yn it weryndielingskrinkje om, wy wolle meispringe. En se stappe der tusken en springe mei. Heu. Sadat Jorritsma aanst ek gewoan in waarnimmend boargemaster yn Harns delsmite kin, dy moat it saakje dan mar op gleed helpe. En it moat op gleed, want sa maklik is it earste útstel no ek noch net. Se wolle mei it Bildt, mei Frentsjeteradiel , Littenseradiel en in part fan Menameradiel fierder. En ik moat sizze dat Harns it foar it grutste part keurich docht. It probleem Littenseradiel soe foar it grutste part dien wêze, it kin noch in pear doarpen kwyt oan Ljouwert en as Ljouwert dan ek fierder giet mei Ljouwerteradiel en ito are part fan Menameradiel ….. mar ja dat is fuort noch net klear. De Harnsers ha gjin idee fan it it tinken fan Menameradielers, dat skieden dat sil in soad gelul en alimentaasje kostje. Mar stel dat soks goedkomt, it ferstân is by Harns ek al boppe dan moat it dêr ek kinne, dan is der noch  ien probleem oer. Ferwerteradiel. Ik leau dat dat sels noch hieltiid tinkt dat it sels bestean bliuwe kin. Dat is foar dy lju spitich, want  se wurde no hielendal fergetten. Ja, Dokkum tinkt der wolris oan, mar safolle nocht ha se no ek net oan dat part, wat sjit je dêr mei op. Dus dan ha we aanst Súdwest-Fryslan, Friese Meren, Hearreopsterlanderwerf, Smelachttytsjeteradiel , Ljouwert, Groot Harlingen en Dokantemadeel. En Ferwerteradiel.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s