Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 07

 

Yn 1966 ferskynde it manifest Tien over Rood. In tal jongere minsken út de PvdA wie it net iens mei de koers fan de partijbonzen, Den Uyl, Van Thijn, Duisenberg en sokken en se woenen in draei, folle mear nei links, ik sis it mar efkes ienfâldich. Se woenen bygelyks dat Nederlân de DDR en de Vietcong erkinne soe, dat der ivich ûntwikkelingshelp wêze soe, dat Nederlân út de NAVO moast at Spanje der yn kaam, dat der mear  lykwicht kaam yn de leanen, dat de wurknimmers mear ynfloed yn it hâlden en dragen fan har bazen hie en dat at Juliana al ophâlde, dat we dan in republyk waarden. Ik jou ta, at je soks no stean sjogge, dat je dan wol efkes gnize moate, doe like ’t hiel serieus. Han Lammers wie ien fan de grutte mannen, letter in formeel D’66 CdKtsje. Arie van der Zwan, letter heech yn it antinivelleringsbedriuwslibben. Arie van der Hek, wie letteras NOM man ek mear yn it liberale kapitalistyske systeem  ynbêdde, Andre van der Louw, wie letter ek wol wat bekaam, waard boargemaster en minister en Jan Nagel, dy’t doe yn de Rooie Haan, in VARA programma dit Tien over Rood oanswingele , no dy hat yntusken safolle dwerse stappen set yn de polityk, dy tinkt dat sosialisme inkel bestiet út it stimmen op him yn hokker partij dan ek.Hans vander Doel is noch in langst by Nieuw Links bleaun. Wat ik sizze wol, soks giet wer oer, sokke mannen en froulju, ach it libben giet fierder , je wurde dan wat mear salonsosialist, ik bin der ek faak foar útskolden.

Aksjes om it spul nei links te skuorren bin der altyd. Dat kin ek fan de oare kant. De SP ûntstie

bygelyks út âlde maoïsten,  minsken dy’t wat fan it gewoane kommunisme oerhâlde woene en aksjefierders, dy’t fûnen dat de sosiaal-demokratyske en fakbûns aksje te gau ophâlde, in soarte fan anti-polderpartij.

Mar we krije binnen de PvdA no wer op’e nij in beweging weryn frege wurdt oan de PvdA lieding mear ballen sjen te litten, foar de 5 froulju yn it partijk bestjoer frij swier. Se fine de partij te stil, te gezapich , dêr is gjin goed Frysk wurd foar. De PvdA  hat gjin werwurd genôch en se ha ûnfoldwaande gefoel oer wat der yn de mienskip libbet. Utrechter Michiel Emmelkamp en fanút Grins de  Reade Baron Piet Boekhoudt  ha de beweging opskodde, en se geane mei de ôfdielingen Enschede, Eindhoven, Nijmegen Maastricht en dus Utrecht en Grins op 5 november in aksjedei hâlden. Se wolle de sosiaal demokratyske ideologie wer werom. Nou dêr giet elkenien efter stean, want elkenien kin dêr syn eigen ynhâld oan jaan, sels salon sosialisten. No dan sitte Emmelkamp en Boekhoudt sitte oer in pear jier wol yn de Keamer, da’s ek logysk en dan komme se fansels de sosiaal demokratyske salon binnen.

Mar wat my no hindert is dat de PvdA ôfdieling Ljouwert net meidocht. Bin se net frege, dan hurd in tillefoantsje. Wolle dy Grinzers en Utrechters net dat Ljouwert mei docht,  in oanslach op de Dom en de Martinitoer. Of …..is de ôfdieling Ljouwert útblust, oan ein. Sa’n aktive ôfdieling, al dy diskusjejûnen yn de Bres, ministers dy ’t freeds nei Ljouwert fleagen, aksje, dy’t safolle minsken oanbrocht hat , sawol by Nieuw Links as yn de salon. Marga Waanders, Peter den Oudsten, Sicko Heldoorn, Hermien de Haan, Johanneke Liemburg, Janny Vlietstra, Ab Timmermans, Peter de Haan, Janny vd Kloet …..ferrek, de measten derfan sitte op de boargemastersstoel, ha wethâlder west of soksawat. Is dat de metoade om it spultsje út de aksje te krijen?

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s