Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

30 09

 

Doe’t yn de begjin jierren 2000 de delgeande tiid oan it begjinnen wie, wie der ien sektor, dêr moasten je sitte as wurknimmer. Banken, fersekeringen en dat soarte fan dingen. Gooh wat sieten je dêr feilich, at de beamen noch wat heech groeie , dan kin der ek goed fersekere wurde, de minsken diene jildhannel by it leven. En dy fersekerings en bankebedriuwen: geweldich kapitale kantoaren, útwrydske gebouen, de hiele wrâld koe sponsore wurde, en de wurknimmers foelen fan it iene feestje yn it oare, jild by de rûs. Alles waard fierd, hiele ôfdielingen stiene stil mei taart en kofje at der in stazjêre kaam, at der ien fuort gie dan gie om fjouwer oere de bar iepen, en se stroffelen nei bûten midden yn’e nacht.  Sinterklaas, Kryst, Aldjier, Nijjier, Peaske Pinkster, it waard yn dy bedriuwen fierd om it libben. It wie in walhalla, allinne beseften se dat net.

Moarn dan is der ek in feestje,in reuny fan Woudsend Verzekeringen. It bedriuw is yn Wâldsein ûntstien yn 1816 , en op syn meast ha der 280 minsken wurke. Ek doe’t it yn de 70-er jierren ynskood waard by Stad Rotterdam, gie it noch goed, mar dernei sakke it wat yn. Kaam letter by Fortis, dat is wer omdraeit, no sitte se yn it grutte ferbân fan ASR , dêr sitte gâns oare wat lytsere fersekeringen yn. Moarn ha se dus reuny. Mar oan it bedriuw hinget in plaat Te Koop. En tiisdei ha dy reünisten dy’t der noch wurkje heard dat 1 oktober takom jier de saak slut. Dach walhalla.

Juster it selde by Aegon, 300 man/frou moat fuort, weg. 50 derfan yn Ljouwert. It moat allegear simpeler, direkter, effektiever, de beammen groeie net mear oan de himel ta, de feestjes bin oer, sels krystpakketten bin der net mear by.

Mar wit jim noch dat yn de ein tachtiger jierren der in felle strid wie om dy Aegon festiging. Sju Grins hie wat, Ljouwert hie ek wat, mar dat moast ien wurde. En Grins en Ljouwert mar ek Drachten wiene yn de race. Der waarden troch de trije gemeenten hele grutte bedragen bearn , gemeenten betellen om sok wurk hjir de te hâlden of te krijen, je kin it je net mear yntinke. Ik wit noch dat it Nieuwsblad van het Noorden  skreau dat it wis wie dat it Grins wurde soe, en doe hat boargemaster te Loo der noch ien kear west, mei de fûst op tafel slein en in werklik gigantysk bedrach op tafel lein. Gigantysk. Ik ha begrepen dat 25 jier de kearnploech by it reedriden fan dat bedrach bettele wurde koe troch Aegon.  De politisi wolle dat net ûnderskriuwe, mar dermei hat Ljouwert Aegon dus al krigen, mar Ljouwert wie yn feite fallyt en dêr bin se lang net boppe op kaam. Uteinlik hat Janny Vlietstra de skuld krigen en dy is fia Winschoten nei Drinte deporteard.

En no moat der dus 50 man fuort. Mar ik hear de gemeente Ljouwert net oer dat jild wat se doe op tafel lein ha. En se sizze net tsjin de haaddireksje fan Aegon, mar dy minsken bliuwe der yn, want dit is mar in foarboade fan wat der allegear noch mear barre sil. Of we wolle ús jild wer werom ha. Toe mar Ferd, toe mar Thea en Henk, pak oan, lit jim hearre. Dan witte wy ek eindelik dat wat we doe yn de kuiergongen hearden ek wurklikheid wie. Of hat Te Loo dy boeken fan doe meinaam as Krystpakket.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s