Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 10

 

Gezien het gebrek aan kwaliteit in onderwijs in het Fries moet de onderwijsminister te allen tijde eindverantwoordelijk blijven en kunnen de bevoegdheden voor het Fries niet worden overgeheveld naar de provincie, sa sizze guon partijen yn de Tweede Kamer. In hiel wykein  lang ha‘k oer dizze sin neitocht. Gezien het gebrek aan kwaliteit in onderwijs in het Fries……dêrom soene de befoegdheden net nei Fryslân kinne. Dus ús deputearre fan ûnderwiis , Jannewietske de Vries en ek de takomstige deputearen fan ûnderwiis ha gjin goed Frysk hân en derom kinne sy net oardiele oer hoe’t it fierder moat mei it Frysk yn it ûnderwiis, dat kin de minister fan ûnderwiis, dy Bijsterveldt folle better. No hat dy ûnderwiisminister  hielendal net iens Frysk ûnderwiis hân, dus dy hat der hielendal gjin ferstân fan, mar neffens de Twadde Keamer minsken hat dy der dus wól doel oer. At se no sein hiene, wy wolle de befoegdheden net oerdrage, okee, net aardich, mar okee. Mar om no te sizzen dat Jannewietske sok kloaterich Frysk op skoalle hân hat en derom net meidwaan mei …… dy lju doge net. Sju dat it PVV seit dat Frysk , hâld der mei op, kostet fierstentefolle jild, je kin toch ek folstean mei standaard Nederlânsk, ach dat wisten we, dy islamytyske Friezen moat ophâlde mei dat gebrabbel, Nederlânsk is hillich, of dat bitende Limboargsk fan Wilders seker. Dat de VVD wol dat de regeling ferplicht Frysk ôfskaft wurdt, ach dat koenen je ferwachtsje, dy lju sitte no ienris op de toer fan elkenien is frij om it te bepalen en dan bart it dochs net, of sa’t Ton Elias dan syn skouders ophellet, dan moet nederlands de voertaal zijn. Sy leauwe noch hieltiid dat hun bloedsbroeder PVV normaal is. Mar ek dat koenen we ferwachtsje. Mar dat it CDA seit  “is dit wel het moment om kerndoelen te decentraliseren naar de provincie, moet niet eerst de kwaliteit op orde zijn, ja dêr ha we mei syn allen oer skriemd, Joop Atsma syn hâlden en dragen yn fiif menuten nei de barrebiesjes, ene Jack Biskop hat it dêr foar it sizzen oer it Frysk. En de altyd úterst súver hollânsk pratende Sander de Rouwe hat net efkes syn ellebogen oanstippe, en sein fan hé, heale psycholoog eartiids fan in skoalbegeliedingstsjinst, hasto wol ferstân fan Frysk ûnderwiis, do bist allinne mar yn de Keamer kaam omt we ministers leverje moasten, hâld dy efkes kûm.

Ik bedoel, wat is it kriterium fan kwaliteit fan ûnderwiis yn it Frysk. Dat wit de ûnderwiisynspeksje net iens, want dat kin se net ûndersykje omt yn it fuortset ûnderwiis te min minsken oan it Frysk meidogge. En it soe krekt de Fryske oerheid wêze moatte dy’t de net meiwurkjende skoallen oanfitert sa dat mear minsken meidogge, dan kin der in goed en kommersieel ferantwurde ûndersyk nei komme. Dat oanfiterjen kin Bijsterveldt net en dy hat dêr ek gjin tiid foar. Der hat nammentlik al in echt ûndersyk west nei de kwaliteit fan alle oare ûnderwiis, en dat liket ek net bêst. Se moat no soargje dat yn alle ûnderwiis yn dit lân de kwaliteit ferbettere wurde en dan ha we it benammen oer taal en rekkenjen. Want al dy ministers en steatsiktarissen en Twadde Keamer leden dy’t it rekkenjen net goed ûnder de knibbel ha sitte wol oeren te lullen oer ekonomyske en  finansiële saken. Of moat Fryslân der dan mar it foech oer ha, want it hat bliken dien datde minister dat net kin.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s