Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 10

 

Hjoed is Marianne Thieme jierdei, en krije al har bistjes in ekstra koekje. Mar yn Fryslân dogge we net mei. We tsjemse hjoed in soad fisk de Iselmar yn, en  der wurdt wolris ien by kreake. It is sels Prinses Margriet, de ienige stabiele faktor yn it Keningshûs , dy’t de moter oan set om dy fisk der troch te wrotten. It moaie is dan wer, dat hat se net yn’e gaten. Se waant har nammentlik efkes yn in fier ferline, at se ynienen it Wouda gemaal, sorry it ir. Woudagemaal , sorry it ir. D. F. Woudagemaal, eeeh nee it ir. Dirk Frederik Wouda gemaal yn de Lemmer ynstapt. Us Woudagemaal. Dirk Frederik wie it rayonhaad fan wettersteat yn dizze provinsje, in provinsje  dy’t hieltiid te wiet wie. We ha de foto’s noch wol, dat de minsken oant de mul ta yn it wetter stiene yn’e buert fan Warten. Dus waard yn 1913 besluten it gemaal te bouen en yn 1920 hat de ienigste eardere stabiele faktor yn it Keningshûs Wilhelmina it gemaal iepene. In gemaal wat op stoom draeide. Nee draeit. It draeit noch. Yn dat wat se in bysûnder gebou neame, makke troch de Amsterdamse skoalle fan Berlage, mei dy lange pipe, dy’t neffens de webside in lieder is foar de skippen op de Iselmar, mar ik ha noch noait ien sjoen dy’t der nei sjocht, se sjogge op hun laptopke wer’t de folgjende tonne leit. Mar nee net ouwehoere, dat gemaal is in moai gemaal. It is no eins wat oerstallich, mar je moat it wol yn stân hâlde, it is per slot fan rekken net foar neat in stikje World Heritage, wrâlderfguod. Wer wat subsydzje, sadat se ek al hiel wat fan monumintedingen en sa krije. Dat mei ek wol, want it kostet in fermogen om dat gemaal te starten, dan moat al dy glimmende koperen masjines wer oanset wurde en onder stoom. Mar dan is de need ek heech en driget Warten der wer ûnder te rinnen . En dan kin Lemmer ek noch wat , dan kin it yn twa dagen de hiele Snitsermar yn de Iselmar donderje. Allinne it kostet noch al wat dat starten, je ha yn elk gefal seis oeren wurk foardat it allegear wer draeit. No ja it is noch net sa slim as eartiids , doe’t se op koalen stookten, dan duorre it in dei. No mei dieseloalje, mar it kostet noch altyd sa ’n 25.000 euro om it saakje oan de gong te krijen dêrre. En wit jim wat se no dogge, om de minsken dy’t der wurkje moatte it net ferleare te litten, dogge se ek noch twa oefensesjes per jier der by. Bam. Mar dy oefensesjes binne der ek om mear  besikers te krijen, dy’t in heale grypstûr betelje om der yn te kommen. En omt dy besikers komme. moast der in besikerssintrum komme fan sa’n 3 miljoen. En hoewol dat al op 23 augustus iepene waard wurdt it hjoed offisieel oerdien troch Margriet. Syb sjongt fansels in liet, it Lemster shanty koar sjongt in liet, it Lemster mannekoar sjongt in liet , der bin wat lju dy’t lulle en dan set Margriet de 25.000 euro yn wurking. En dan reizget it besjoer fan it wetterskip, want dy binne eigner fan it ir. Woudagemaal, nei Ljouwert om te fergaderjen, at se dat noch kinne nei dy borrels dy’t sûnder mis yngetten wurde, want dat is hiem op’e Lemmer, en dêr hat noch nea ien song sûnder in borrel. Mar at se al fergaderje, dy wetterskipslju,  dan dogge se dat oer besunigingen. Margriet, nee Margriet is dan al nei hûs.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s