Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 10

 

Jehannes Kramer syn  brûklike moarn op twitter hat al west, want hy moat as deputeare as de bliksem nei Drachten. Dêr is hjoed in grut sympoasium oer lânbou. No, dat is suver wol wer ris aardich, yn jierren net hân, je prate optheden net oer lânbou want dan kom je ta tryste ferhalen, hoewol at je om je hinne sjogge dy boeren alwer stiekem op de wei omheech binne en wer útwreidzje. Wat moat Jehannes as deputeare op in lânbou sympoasium. Ja, dat is in nuver ferhaal, it giet ek net inkel oer lânbou, mear oer hoe’t de lânynrjochting de lânbou ta tsjinst wêze kin. Lânynrjochting, dat neamden wy froeger ruilferkaveling, mar dat mei net mear, der sit tefolle bloed oan, it gefecht tusken grize sokken en boeren hat deryn te swier west. No dus lânynrjochting. Mar it gefecht is net minder. Dy lânynrjochting soe plak fine yn Drachten, tusken it Peinderkanaal en de Grinzer grins. Mar wat blykte, de lâneigners, de boeren dus, woene dy grûn net kwyt, net iens oan elkoar. Allegeare te lyts en dat moat sa bliuwe. Ja, je koenen se wol oan de kop seure, boeren hear no ris: jim wurk wurdt der makliker troch, alle lân ticht by elkoar. It ferkear wurdt feiliger , net mear mei de ûngelokkich brede trekkers op de dyk, we meitsje moai wat kuierpaadsjes, wat fytspaadsjes en fytspaden, we smite der noch wat houtwâltsje by no, da’s moai , sa  ha jim hjir altyd libbe , en we kin it natuurstikje fan de Leyen moai ynbêdzje mei der omhinne wat hegere wetterstân, moai toch boeren. Doch jim maatskiplik ek wat en tagelyk ha jim der yn jim wurk en yn jim sicht op it lânskip it measte oan. Mar wat seine dy boeren , de boeren seine nee. En doe stiene de lânynrjochters mei de hannen yn’e loft , wat no. En doe hat de deputearre fan doe  Hans Konst, sein, bêst, gjin lânynrjochting , mar dan in sympoasium  om ris te evaluearjen. En dêr moat Jehannes dus as deputearre hinne. Gjin lânynrjochting, wol in sympoasium, it kin ferkeare yn de wrâld.Tink no net dat dy evaluaasje de hiele dei de minsken dy’t komme dwaande hâlde sil.  Dat duorret in heal oerke en dan is dat oer, en dy evalusaasje kin ek koart wêze : wy mienden it goed, mar de boeren fine it net goed genoch, en it lân is fan harren. Klear.

Mar hoe moat it no fierder, dêr giet de dei oer. Moat we no skriemend de ruilferkaveling fersmite? Net wer besykje? Wat oars betinke. Wer in oare namme miskien.  No nee, inkel moat de boeren fan hjoeddedei sicht ha op harren takomst. En op it grutste rendemint. Mar sy witte net hoe’t de lânbou der oer tsien jier útsjocht. Grûnbûn, mei megabedriuwen of lytsskalich, mei wat mear each foar it lânskip, bettelle troch de oerheid. Of  wat je ek hieltiid faker hearre, gêrs en molke skiede, dus guon boeren dy’t dan net mear boeren neamd wurde foar de gêrskultuur en foar de mais, sadat dy ek net mear ferskimmeld, en dan ek fan dy buorkerijen mei inkel kij. Net mear yn’e greide, lekker yn de stal, frette en molke jaan. Fleis hoecht ek net mear want de measte kij bin sa útrûpele fan it molkejaan dat der net in byfstukje mear oan sit. Takomst, de boeren witte it net. En hâlde harren grûn beet. Wachtsje, wachtsje, oant de risping sa wêze kin dat it foar harren goed komt. Dan pas mei Jehannes as deputeare wer neitinke oer in fytspaadsje fan de Pein nei Gruttegast..

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s