Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 10

 

Harns hat net in boargemaster mear, en der is ek noch in wethâlder fuort. No komt it mei dy boargemaster wol goed, want Harns hat yntusken sein dat se om har hinne sjogge foar de weryndeling. No wol eins net ien mei Harns, útsein Frenstjer, dat hat gjin oare kar, mar goed Harns is foar it earst reewillich en dus kin Jorritsma der no aanst in waarnimmend boargemaster beneame. Hy hat Sjoerd Galema al frege , mar dy wol net want dy wurdt no oeral kommissaris en dus sneon wurdt er troch de Ljouwerter Krante kroand as machtigste man fan Fryslân, no, dan gean je net nei Harns. Wa’t dan waarnimnend wurde moat? Ik tink dat Jorritsma tsjin Johanneke Liemburg an Littenseradiel seit “doch dat der mar efkes by , dan sjochst ek dat dy twa gemeenten wol by elkoar  kinne”. En dan bin wy wer fersekere fan spul. Wethâlder? Ja lit my net yn de harsussen fan de Harnser riedsleden sjen, dy kronkels begryp ik neat fan.

Dantumadiel nimt in oare kar, njonken Nederlân bin se de twadde gemeente dy’t mei in minderheidskabinet fierder giet. It is sa ûnnoazel, je kin it net betinke. De wethâlders kamen der fan CDA, PvdA en Dantumadiel  82. Frou Hofs fan dy lêste partij stapte op. Sûnens. Dan moat der in nijen komme. En Dantumadiel 82 kaam mei Jouke Dantuma op’e proppen, alris wethâlder west, moast dochs kinne. Nee seinen Roelof Bos en Siepie Hylkema, wy wolle Jouke net ha, want Jouke hat in buro , en dat kleijt soms de gemeente wol oan, no dat kin net. Roelof Postma, de fraksjefoarsitter fan Dantumadiel 82 wie hiel fernuvere, en bea in ûnôfhinklik ûndersyksburo oan, mar doe dienen Bos en Hylkema harren ultieme set: dat buro hoecht net te kommen want dy komme toch  ta deselde konkluzje as PvdA en CDA……. Begripe jim it? Dat doch je dus as je de mearderheid ha, want se ha fansels al op’e strún west en wat weijûn oan oare partijen dy’t hun dan wer helpe en dan kin je sa mei syn allen moai dat lêstige Dantumadiel 82 oan de kant  sodemiterje.  Selden sa in man fan de mienskip meimakke dy’t yn alles en alles sit en oeral oan meidocht as Jouke Dantuma, en dan lit je dat slepe. Boargemaster,  ja, dy is der leau’k al, mar dy sit alle jûnen yn de disco, want dy soargje der foar dat alle mienskipsintra betelle wurde kinne, mar ja Aalbers wol al witte at soks wol netsjes giet. Hy hat leaver dat al dy sintra nei de bliksem gean, at dy jonges en famkes net presies dogge wat hy tinkt dat se dwaan moatte. Mar at er dat no efkes oan Jouke freget, dy komt út de mienskip.

Mar wat ik sizze woe, Donner, jonge. Piet Hein Donner. Bêste man. Jo bin no noch minister, aanst de baas fan it lân yn de Raad van State, dus jo wit in soad. No jo moat noch  witte dat jo nei ús harkje moate. Sjit no op,  lis de weryndielingen neat mear yn de wei, kom sels ek mei suggestjes. En hef al dy ûnmooglik domme gemeenten en gemeentebestjoerders op. Toe no Donner, net prutse,  aveseare!!!!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s