Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

11 10

 

It giet need yn  kristlik Ljouwert. Yn it earste plak stiet de protestantse tsjerke op ‘e kop. No ja , der slute 4 fan de 7 tsjerken. Mar soks is foar de belutsenen fansels wol yngreven. At je it hiele libben wend binne dat sneins om in oer as njoggen de klok let wurdt en je nei je eigen plakje kuierje, ja dan wurdt it foar dy minsken wol hiel oars. Oan de oare kant, der sit nimmen mear njonken je, it ledetal fan de protestantse gemeente is mei 600 ynsakke ta sa’n 6000, en dy komme ek lang net allegear mear yn tsjerke. Dus is de sluting fan dy tsjerken miskien wol realistysk, en  soe it moai wêze dat alles sa troch giet as it pland is, dan is it tekoart in miljoentsje minder. Mar ja, de Koepeltsjerke giet ticht, de Feniks, de Pelikaan en de Adelaartsjerke. Moaie nammen , likegoed ticht. En it is mar krekt hoe’t je binne mar foar guon lju bin dy tsjerken ek moai. Monumentaal is de Koepeltsjerke, Tseard Kuiper boude dy yn 1923 al, markant punt oan de Vredeman de Vriesstrjitte. Mei de minsken fan de Pelikaantsjerke , dy fan 1932 mei dy hege opbou oan de Pelikaanstrjitte moat se no nei de Open Hof, dy moat noch wol útwreide wurde, kostet 8,5 ton.  No en dan slute de Fenikstsjerke  oan de Valeriusstrjite en de Adelaartsjerke oan de Jokse ek noch, twa modernere tsjerken, likegoed oerstallig. Dat moat se allegear ferkeapje en at je al net in hûs ferkeapje kinne……En wat soe der yn moate. Dus de striid bliuwt noch wol efkes, de earste 60 opsizzingen ha al west, aanst soarget it sluten fan de tsjerken dat der hielendal gjin jild mear is. Dan moat dy oare trije ek ticht.

Mar it roomske part fan Ljouwert is noch folle mear oeral. Op 12 novimber komme der twa Sinterklazen oan yn Ljouwert. De iene dy’t altyd yn de Prinsetún oankomt, wol net mear oer it spoar, en  dus sei de Skrâns, dan helje wy in oare Sinterklaas, selde tiid , selde dei. It is ûnsin , sizze dy Skrânsjonges dat in Sinterklaas net mear oer it spoar kin, dus gean sy mei harren Sinterklaas wol it spoar oer en at we it goed úttrekkenje komme de Klazen elkoar tsjin ter hichte fan it Oranje Hotel. Der bin al scenario’s klear dat se elk in kant fan de rotonde lâns geane, mar it kin ek wêze dat it krekt net útkomt. Dan skodzje se elkoar de hân en sko-e efkes tegeare oan de bar fan it Oranje Hotel, in beerenburgje. Efkes tuskentroch , je kin je net foarstelle dat ûndernimmers, dy’t dochs ynsteld wêze moatte op de klanten, har sa ferfremdzje fan al dy Sinterklazeheite- en memmen, dy’t no beslute sille de yntocht fan Sinterklaas earne oars te belibjen. In part giet nei Snits, mar dat wurdt hielendal neat fansels. De echte Sinterklaas fan Snits frege my lêsten al wa’t him as Snitterklaas op Twitter taleit op Henk van der Veer syn snitterhobby, o sa gesellich, mar it is foar in lyts ploechje. No wist ik dat wol, mar dat ha’k de echte net sein, want oan sla se elkoar yn elkoar at se elkoar al tsjinkomme. Mar ek dêr bin twa yntochten pland. No kin dy memmen ek nei de doarpen gean, mar der komme de Sinterklazen oer it algemien wat letter, dan hoege de bern net al heal novimber de skuon te setten. De bern ja, ja dy reitsje hjir yn Fryslân alhiel op’e doele: Sintrumklaas, Skânsklaas, Sinterklaas, Snitterklaas, Sint Pieter, Sinterklazen op brune hynders, Snitterpieten , froulike swarte pieten. Kin we dit no net gewoan dwaan. Ien Sinterklaas. Dy komt oan yn Harns, havenstêd. De oare deis komt er oeral fierder yn Fryslân oan. En dy Ljouwerter giet nei de Koepeltsjerke, dan wurdt dy teminsten noch ien kear brûkt foar wat wy eartiids in leauwe neamden, mar no hurde kommersie is.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Seer geagte heer Lok,

    Wat un alleraardegst ferhaaltsje weer fanút ut altyten inspirerende Gaastmeer. Toepasseleke plaatsnaam ok, kom langes op 13 oktober en dou gaast-meer en meer gelove in Snitterklaas. En dat is nyt deselfde as syn volle neef Sinterklaas.
    Bovendyn bin ik al un maand fut at myn neef syn intocht hewt.

    Groeten fan Snitterklaas

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s