Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 10

 

Der wurdt hjoed neat ferkocht yn Fryslân. De ûndernimmers bin der net, dy sjouwe fan de iene nei de oare happening hjoed. No dat kin ek moai, want it reint toch, dan gean we net nei de winkel en at se der moarn noch net binne dan gean we wol nei de Jumbo, dy is dochs wol iepen. Mar goed, aanst om healwe tsienen stean alle jonge ûndernimmers te dûnsjen om Isabel Diks hinne, de Ljouwerter wethâlder. Dy jout it startsein, o hearlik, foar de saneamde E estafette. E estafette, wit jim net dat dy E foar lektrysk stiet. E riding. Der bin ek E fytsen. En E auto’s. Mar der gean dy jonge ûndernimmers net op fan start , nee dy sille E-autopedsje en  E skooterje . Dat leste dogge se op in MPI Retro. Merkwaardigerwize moat je E autopedsje op in Trekker, mar oan in Trekker ha je yn Ljouwert neat. Autopedsje da’s hiel lêstich en drok oan de holle ,want jo moat hieltiid de poat op ‘e stoepe sette. En der is mar ien jonge ûndernimmer dy’t op sa’n  E autoped mei, no dy sjoch ik hjir net twa wiken op sa ’n ding yn Ljouwert  en omjouwing omkroskjen, dus safolle wearde hat dat no ek wer net as reklame object, want dat is it fansels. Wêr’t in wethâlder har net foar lient. Dy ûndernimmers komme fan Green Fortune, fan Future Models, fan Trippl skins en wraps. Echte Fryske ûndernimmers. Nee , dus , dy soenen sizze sodemiterje no gau op mei jo oplaadbere autopedsje.  Boppedat is it mei dy dingen sa: je moat der massaal mei los, oars wurdt je besjoen as in idioat , no en dat wol net ien. Want dat is ek hjoed, dan krijt Hans Konst sa’n rapport hoe moai at sinne-enerzjy is. Ja wis moai, mar Konst sil sizze de minsken wolle der noch net oan, en ynfesteare der net yn. Dy fine, da’s foar de oerheid, wy komme wol at it we it sa fan de steapel by de Gamma ôfpakke kinne. De ûndernimmers moat ek op healwe tsienen yn Snits wêze, want dêr krij se webside workshops, ja hjir bart neat yn Fryslân sûnder dat it Ingelsk heart hear. Webside workshops. De redenearing is wer daverjend, want fan Fryslân marketing. It giet dus om de rekreaasje. Je moate nó soargje as rekreaasjeûndernimmer dat jo webside goed is, dan  komme oar jier de minsken wol. It makket dus neat út at jo produkt wol doogt, of it waar wol doogt, nee at de webside mar doogt. Yn  gearwurking mei de Dútsers en Grinzers. Hooplik dat der gjin toeristeútwikseling  komt. No workshopke en hup nei Warkum, nei de de Grote Ondernemerslunch fan de Keamer fan Keaphannel, yn de Lemster Aken fan Dirk Blom. It giet oer gearwurking en  de mearwearde der fan. Under oaren Douma fan Koopmans Moalfabrieken fan Ljouwert sil der oer prate, no dat is frjemde gearwurking: der komme skippen en dy fiere rommel oan by Koomans, dat dogge se yn in grutte panne en je ha gearhing, it wurdt mjukst, mar neame we dat ek al gearwurking?  Dan is der om fiif oere noch wat, mar der kin net elkenien mei in E-autoped hinne en ik mei der ek neat oer sizze, mar it is wat foar de machthawwers sa’t dy de ôfroune wiken yn  de Ljouwerter Krante stiene. Ik tink dat Hans Wiegel no ek wer meidocht want dy is kommisaris wurden by Romke Kooyenga.  No en dernei kin de jongste ûndernimmerkes de dei ôfmeitsje op de earste ledegearkomste fan de Fryske JOVD de jongeren fan de VVD. En dan kin se nei hûs, fol mei E-autopedfolders, alles wittende fan Dutse toeristyske websides, fol fan Dirk syn  Hylper bollen en Koopmans syn pankoeken , glêzich fan de wyn fan fiif oere en de harsus fol liberale ûnsin. Hoe komme dy mannen moarnier wer fan it bêd.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s