Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 10

 

Twa wike lang sjogge we al foto’s fan de fleurige, trainende, heech yn in Japansk hotel sittende, kofjedrinkende, gespannen, teloarstelde, yn de broek skitende, lokkich laitsjende, en wer trainende Epke Zonderland. Sneintemiddei yn Japan is it safier. Dan moat er in rekoefening dwaan op it wrâldkampioenskip turnjen dy’t foldocht oan in medaille. De kleur dêrfan kin de twa kear sulver winnende Epke hielendal neat skele, ek at it brûns is, dûnset hy bliid want giet hy nei Londen takom jier. Olympiks. Mar no, op dit stuit,  is Epke him dêrop oan it konsentrearen. Moat ik no wol of net dy spesiliateit dwaan, moat ik no …..

Epke Zonderland is in  prima turner. We hienen net ferwachtsje kinnen dat ea in Fryske man sa heech komme soe, tusken dy East europeeske krêftpatsers en dy linige Sinezen en Japanners yn. Eartiids wiene inkel de fryske froulju sterk, fierder as nasjonaal gie it ek net, mar Quick Huzum kaam fier ûnder lieding fan de âlde alvestêddetochtbaas Jan de Jong en Tjitte Wymstra en Akke Smit. Jannie Vierstra en Griet van Essen wiene de spearpunten doe. Sterke froulju , dat wie de krêft fan Huzum. Letter rekke de krêft wat út de belangstelling. Alteast it moast ek noch tige elegant wêze, en no ja Fryske froulju bin in soad , mar elegant…….. Oke , okee, Doutzen, mar ek dat fyn ik noch net elegant troch de eagen fan in turntrainer. De Fryske froulju brutsen ek net ynternasjonaal troch. Der ha folle letter noch wol in pear froulju oan rûkt, mar echt kamen se der ek net. Mar altyd better as de manlju. Fryske manlju en turnje , o nee dat woe  hielendal net. Lykwols it Fryske speerpunt Hearrenfean kaam der foar de froulju, mar waard letter brûkt troch de manlju, want folhâlde yn trene en trene dat kinnne de Fryske manlju no wol wer. En ûnferwachte eksponint waard Epke Zonderland, steamde troch nei de absolute wrâldtop, net yn algemiene sin, mar op rek en in bytsje brêge.

In  leave jonge dy Epke, Lemster, mar keas Hearenfean as útgongspunt, die en docht in soad tegeare mei broer Herre, liet him heel fersichtich sponsorje, kaam wat op in breder mediabêd telânne,.… mar bliuwt in Fries. En Friezen yn sa’n militêr glitterwrâldsje, tsja wy wurde der ûnwis fan. En dat is no krekt it slimste wat in turner oerkomme kin, ûnwis. Dus sodemitere Epke op beslissende mominten noch wolris fan de rekstok, of wie der blesseard at it net moast, want hy sit lichamelik fansels tsjin it plafond, hy is net echt in spiermassa, al is it wol wat oansetten , sjoch de foto’s fan tsien jier lyn en no. Mar Japan wie wer sa’n typyske Epke sjo. Gie as foarrinner nei Japan, dus waard er troch de media oanfallen, bedeesd posititief, hie hielendal gjin sinne oan Wammes syn ferhaal oer den Bosch Hearenfean konkurrinsje , en draeide syn oefeninkje wat op routine, en skrok, want eins wie’t net genoch om nei de finale ta, en dat hie der sá yn’e holle. Mar omt der ek yn Japan in pear Friezen wenje en net tsjin de druk kinne, kaam it krekt goed, en dan sjoch je Epke wer laitsjend, mar alles is wol wat  skierder wurden, en dus hien elkenien wer in ferhaal oer Van Gelder, cocoking yn de ringen. En Epke wurdt wer oerlitten oan syn Frysk wêzen:  soe’k it wol kinne. Ik wol by de earste trije wêze. At ik no myn spesiale oefeninkje doch, dan is dat wol wis, mar ja ik kin it eins noch krekt net goed genôch en ik moat ek wat bewarje foar de finale yn Londen en…… no ja at er it al kin , dan komt er op de OS takom jier. Mar at er dan net blesseard is dan  fljocht er wol mei sa’n gong fan de rekstok of dat er yn it publyk te lânne komt. Want Epke bliuwt gelokkich Epke.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s