Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 10

 

Hjoed wurdt it keurmerk topsportvriendelijke werkgever, it earste yn Fryslân, útrikt oan de Timpaan Groep fan de Gerdyk. No is dit net in offisieel keurmerk hear, net lykas op klean en stofsûgers fan húsfroulju Der is ek net in minister, hege amtner of in groep deskundigen yn fiif sittingen dy’t de Timpaan Groep útsocht ha. It is gewoan dat de lju dy’ t dêr mei dwaande binne betocht ha dat it ek tiid wurdt dat Fryslân ek sa’n bryfke krijt. It bryfke sil nammentlik útrikt wurde troch Erben Wennemars, de âld reedrider. Hy is taheakke oan de groep dy’ t dwaande is om topsporters oan it wurk te krijen. It waard earst dien troch de beachvolleyballer Bram Ronnes, mar da’s fansels in namme dy’t fierstentemin  bekind is, en dêr ha se no Erben Wennemars foar ynhierd. Der bin in hiel soad minsken mei dwaande om it allegear te regeljen en at it dan slagge is om in pear topsporters oan it wurk te krijen dan komme de reklamejonges en dy litte Erben Wennemars dan sizze dat er safolle sporters oan it wurk krigen hat en dat soks in soad foldwaaning jout. En omdat it Erben Wennemars is dy’t fannemiddei sa’n bryfke útrikt oan de Timpaan groep, sil der allerhande Fryske media om hinne stean, om it allegear fêst te lizzen, en sa krijt útsendburo Randstad, dy ’t it allegear regelt, wer reklame. Dêr giet it nammentlik om, yn de hiele útnoeging is bygelyks net te finen wat foar bedriuw de Timpaan Groep is. Dus googelje, eh, Timpaan Groep is in holding. En wat holde dy allegear:   no pjutteboartersplakken, berneopfang en wat ûnderwiisbegelieding, soksoarte spul, lekker faach. Hokker topsporters kinne dat oan? Ik ferwachte al gjin hele bekende nammen, hear, al koenen de sporters komme út de kategoriën A, B, HP, IT, NT en X. Ik sil jim net útlizze wat foar kategoriën dat binne mar Epke Zonderland is A en Jeen van der Berg is X. Elkenien dus. By Timpaan sitte Maaike Vos, Jeroen Sonneveld, Arnold van Calker. Pas by de lêste namme gie by my in ljochtsje barnen, wie dat net dy jonge dy’t al út de bobslide stapte foar dat se him oanskoden yn Vancouver ? O ja, en Maaike is al ophâlden mei shorttracken, wer’t Sonneveld op it rântsje noch meidocht. Mar jim moatte ek net grutte nammen ferwachtsje, want ik ha efkes sjoen hoe’t de bedriuwen frege wurde om topsporters yn tsjinst te nimmen. Wit jo wol ûndernimmer dat at je in topsporter yn tsjinst ha dat soks ynspirerend wurket op de kollega’s. Ja, ja, at se fyftjin kear in tsjinst ruile ha omt dy shorttracker wer traine moat, dan is de measte ynspiraasje der wol út. En hoe ynspirearend tink jim dat Epke Zonderland moarn wer op syn wurk komt. No hat Epke gjin tiid foar in baan, topsporters ha in baan, de sport. En de sporters dy ’t ál nei de tiid in baan ha moatte is twadde garnituur, dy’t yn de sport net genoch fertsjinne ha om te libjen. Mar ûndernimmer, in topsporter, dat is dochs in skitterend imago foar jo bedriuw. Nee, foar it bedriuw wat dy topsporter sponsert, dy kin mei him adferteare. Ja, ja, mar ûndernimmer, sa’n topsporter is risseltaatrjochte, dêr ha toch ek belang by, risseltaatrjochte. No sju, dy topsporter is miskien wol fokust op risseltaat, mar dan risseltaat foar himsels. En jo bin inkel in  helpmiddeltsje om dat risseltaat better te meitsjen. Mar hat dat keurmerk wat ik fannemiddei krij dan hielendal gjin doel? Wis wol, it is de ienige kear dat wat jo dogge foar topsporters yn de belangstelling komt, dus at je Erben Wennemars sa no en dan wat oan de kant reagje, dat is net maklik, mar it moat efkes; en jo kin de Fryske media goed dúdlik meitsje wat de Timpaan Groep is en docht, ha je kâns op ien rigeltsje yn it ferhaal. Dan ha je it wûn.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s