Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

25 10

 

Dit is dé dei. Alvestêdetocht 85  van Benthum, Hearenfean-Ajax 6-5, de  Abe sjo. WK reedriden 1980, Hilbert ferslacht Heiden, ach ik kin noch folle mear opneame, mar it falt allegear yn it neat by hjoed, by jûn de bekerwedstriid Hearenfean – Harkemase Boys. Der hat noch nea sa’n barren west yn Fryslân, it sil ek nea wer barre. Wat der net by opset wurdt, jo hâlde it net foar mooglik. Alderearst al sa’n Hearenfean foarsitter dy’t trije menuten nei de lotting de historyske wurden spruts dat it foar Fryslân  noch mear is as in alvestêddetocht. Dêr ha we dochs wol trije oeren foar klapt. Dat dan Harkemase Boys in tribune fak krijt, wat jout dat in salich gefoel. Oars wie’t net fol west, absoluut net. En hoe’t se de priis fan de kaartsjes nei ûnderen diene, fiif euro foar sa’n grut barren, it is net te leauwen. Fiif euro. Oars hie der gjin harsus sitten,en no, fiif euro en it stadion is fol. Miljoenen minsken ha fia de media al wiken lang nearne oars omtinken foar hân as foar dizze wedstriid.  Europeeske krisis, ierdskokken rûnom, Hiemstra fuort by de PVV, alles is op side setten  troch Hearenfean en Harkemase Boys. De wedstriid begjint sels al om kertier foar sânen, dan hoege de bern neat te missen, kin dy it wer fertelle oan harren bern en bernsbern….. jonges ea wie ik by Hearenfean – Harkemase Boys, jim sil it net leauwe, sa’n bjusterbaarlike dei as dat wie. Stadion fol, mar dat hindert neat, de rest fan it folk kin it op tillefyzje sjen. De hiele wedstriid wurdt útstjoerd, net te leauwen. Net foar sa’n kloaterich ûnderhâns stasjontsje as Omrop Fryslân, nee op Eredivisie Live. Poee. En it programmaboekje fan Hearenfean giet ek noch oer Harkemase Boys. Moat jim foarstelle, dêr stiet in ynterfjoe yn mei Pieter Spinder, dat is de foarsitter fan Harkemase Boys. Net te leauwen. Ik ha sels flústerjen heard dat it in kollektors item is. In kollektors item. No, en op de ynternetside fan Hearenfean stiet in ferhaal, nee in ynterfjoe mei Lesley Fellenga. Dy hat ea  in wedstriid yn it earste fan Hearenfean spile, tsjin Vittoria Setubal. Setubal. Yn Lissabon wit ik noch wol, yn dat stadion fan Sporting. Hy spilet no by Harkemase Boys, mar docht net mei, blesseard. In ynterfjoe mei in blessearde spiler. It is net te leauwen. En yn it programmaboekje in ferhaal mei Henk de Jong, ja dy is no ôfsakke en trainer fan Cambuur, mar dy hat én by Hearenfean én by Harkemase Boys wurke. By beide! Is it net wûnderbaarlik. O en doe kaam de Ljouwerter krante der noch oerhinne, in stik as seis spilers dy’t Piter Spinder oan kocht hat út de mislearre jeugd fan Hearrenfean. Is it net daverjend.

De izeren spanning hat ús no al yn in wurgjende besnijing. We wolle no alles witte. Bossen fluitet, hat dy ea earder wol Harkemase Boys fluite. Nee, nee, nee. Dit is unyk. At ik dit dien ha, gean ik daliks nei it Abe Lenstra stadion, om alfêst de sfear te priuwen. De sfear. Wat moat dat geweldich wêze. In glimke op te fangen fan Jack van Gelder of Arjen de Boer. Bin der gjin lju dy’t op de fyts fan Harkema nei Hearenfean komme? Of yn in bernewein. En dan aanst dy tweintich bussen út de Harkema mei supporters, fergees oanbean troch sa’n autobusseman dy’t de hiele wedstriid sponsert. In wedstriid dy’ t sponsere wurdt! En dus wurde dy bussen fan de earste oant en mei de lêste meter folge, troch karrefrachten oan media. O wat is dit allegear geweldich. Ik ha tús alle opname-apperatuur al oanset, ik wol gjin sekonde misse. O wat is sil dat salich wêze om moarn nochris de analyses te hearen fan dy ûnfersteanber pratende Kenneth Pérez . Of miskien, o wat ik hoop ik dat, fan Boudewijn Zen den. Wat seist Jacob. Utslach. Utslach? Wat docht dat der no ta.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Jammer dat je je niet aan de feiten houdt Eelke!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s