Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 10

 

Nei de gesellige goarre fan Hearrenfean-Harkemase Boys no mar wer oer ta de oarder fan de dei jongens en famkes , we moat it efkes ha oer Jelle Hiemstra. Want Jelle hat fannewike sein, ik doch net mear mei yn de PVV. Jelle wie fraksjefoarsitter fan de PVV yn provinsiale steaten. No is fansels ús net dúdlik hoe’t it yn sa’n partij giet, want it is net in partij fan leden. Dus allegear efterkeammerkes gedoch . No is it dat by oare polityke partijen ek , mar dy stimme dernei der noch oer en dat dogge se by de PVV net. Der wint dus gewoan, de sterkste, de lûdst roppende. En dat is Geert Wilders.  En at Jelle Hiemstra seit dat Wilders ophâlde moat om Job Cohen in schoothondje te neamen, dan  is dat it polityke ein fan Jelle Hiemstra, je meie net oan Wilders komme. Ik tink dat se Jelle efkes roppen ha, dat se dan mei in man as trije om de tafel sitte, dat Jelle der dan yn komt en dat se sizze, dat meist net wer sizze Jelle en do moast no werom nei Fryslân en sizze dast bedoeld hast dat Cohen net in schoothondje wie mar in….. en dan it Fryske equivalent der foar brûke. En Jelle is mei de trein werom gien en tocht fan skoathûntsje. Dat doch ik net. No sok sawat. Wol hiel opfallend is dat Hiemstra yn syn ferklearring skreau dat er ek tsjin is op de wize werop at de PVV omgiet mei de islam. En dat fyn ik wol ferrassend. As je nammentlik foar de ferkiezings yn de PVV stappe, dan is dat toch it earste wat je ûnderskriuwe moate, oars kin je wol by de VVD bliuwe. At je dat anti-islam net sa fiele moat je net by de PVV gean. Erchtinkend as ik bin, tink ik dus dat de wize werop at de PVV plannen hat mei de de-islamisering fan Nederlân noch folle fierder gean as no. Mar dat witte we dus net, wy bin der nea by. En Hiemstra  praat fansels ek net folop, dy hat genoch oan himsels. Twadde ferassing is dat Otto van der Galiën, no dochs fraksjefoarsitter wurdt. Hy is de ienige fan dy mannen mei wat erfaring en kunde yn it bedriuwen fan provinsiale polityk, oplieden yn de SGP. Mar hy woe net fraksjefoarsitter wurde, en net listlûker, dat fûn er eins net ferantwurde tsjinoer syn gesin, fanwege de feilichheid. En no bin Jelle en syn frou tsjin de holle slein troch lju, dy’t miskien wol polityke bedoelings hiene. Wy Friezen diskusieare net, wy houwe deryn. Heechst wierskynlik hat dat de trochslach jûn by Jelle, sa’n  risiko wol je net rinne. Mar dat no Otto van der Galiën dat wol docht, fraksjefoarsitter. Ja hy kin net oars, ik leau dat Max Aardema noch nea sprutsen hat, mar toch ……

En Jelle Hiemstra, elkenien seurt no dat it net goed is dat hy dochs yn de steaten bliuwt, as ûnôfhinklik steatelid. Ik herinnerje mei in hiel soad gefallen fan lju dy’t út hun partij stapten, en ja faak gie dat mis, inkel de premie opstrike, mar somtiden diene se it tige goed. Jehannes Spyksma bygelyks, út de PvdA, siet ynienen by alle kommmisjes.  Ja alles duorre trije oeren langer, mar it wie wol aardich, want net ien joech him wat ta, dat wie elektoraal net nedich. En Jelle mei dan Cohen net in skoathûntsje fine, hy wearzget fan de PvdA, no leuke diskusjes. En de PVV ien stim minder. Ik krij suver al sinne oant de steategearkomste aanst om tsien oere. Der stiet neat op de aginda, no dan kin elk der wol efkes oer te set.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s