Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 10

 

Jehannes Kramer, de FNP deputearre, is der al wer ôf. Moarn Jehannes. Ja, in bytsje aardich wêze, hy hat in drege dei. Sterker, hy krijt in dregere dei as hy himsels mar foarstelle kin. Fannemiddei moat hy nammentlik nei twa gearkomsten. Alderearst moat hy nei Aldemarrum. Nei de Hege Gerzen, skitterend gesicht oer de Iselmar. Om ien oere moat hy dêr in symposium iepenje. In symposium fan Bosk en Greide, dat is in feriening foar agrarysk en partikulier natoerbehear. Sy soargje offisieel foar de ynspanningsferplichting en ferantwurdlikens foar de útfiering fan Experiment Gaasterland. Oant 2018. Mar it moat wol om de fiif jier evalueard wurde. Ja da’s de papieren saak. Yn de folksmûle is it gewoan it midden wat de natoerbeskermers en de boeren yndertiid woenen en koenen yn Gasterlân. En ik sil jim fertelle, en guon wite dat noch wol, it is need gien doe. It wie op  in jûn yn de begjin 90-er jierren doe’t Gasterlân yn opstân kaam. Minister van Aartsen fan lânbou hie Fryslân nammentlik opdroegen: jim moat safolle bunder natuergebiet ha. No ja, Fryslân wie fan it CDA, dus sa hurd gie dat net. Mar sei de provinsje, dan kin der wol 550 bunder  yn Gasterlân sliten wurde. Dêr hiene se allerhande redenen foar, it giet no te fier om dat te ferklearjen, mar it wie der toch al moai, en sa goed dienen de boeren it no ek net. Goh, wat fersinden se har. Dy jûn koe deputearre Sicko Heldoorn net. Ik tink dat dy nei de ruilverkaveling yn Ychten moast, want dy is juster nei 33 jier pas ôfsletten. En dus gie de twadde man as deputaerre, Siem Jansen. Ja, en Jansen, in poerbêste fint, der sitte wol folle minderen  by it CDA, mar hy praat wat op de wize fan ik snap niet dat je het niet begrijpt, wij vertellen het toch. Dat moat je yn Gasterlân  net dwaan. Dus waard der in stoel nei Jansen smiten, hy wol dat sels gjin wurd ha, mar it wie al sa. En dus waard it oarloch tusken de natoer en de boeren yn Gasterlân. De letters EHS kin noch net gewoan útsprutsen wurde, dan krij je ek in stoel nei de holle. Prate , prate, Rinze Zijlstra, no en   úteinlik waard dit tuskengedoch oanfurdige, ek al omt guon boeren ek wol wisten dat se dêr net oars koenen en Van Aartsen, ja it wie in  VVD-er mar hy woe hjir by ús wol wat natoer ha. No en se moate dus no evalueare. Mar it wurd allegear oars, want Kees Lever, direkteur regionale saken soe dêr sprekke, mar dy giet no nei Mearum, want der soe Henk Bleeker by de NMV wêze, mar dy moat minister boartsje, ensafuorthinne. Dus yn Aldemarrum diskusieare se, mei de wonderboys Jan Douwe vander Ploeg, de betinker fan dit kompromis en Hendrik Folmer perfessers dy’t o sa maklik de natoer boppe alles stelle. No dan is dat symposium kertier oer trijen klear, en dan moat Jehannes Kramer as de sodemieter nei Earnewâld. Aldemarrum Earnewâld, no dat is in dik oere , nee dat rêdt hy net. Want hy moat om healwe fjouweren al  diskusieare mei foargonger  Hans Konst oer plattelânsprojekten, oer de takomst fan it plattelân, mocht der in takomst wêze.  En oer it ferline want Piet Bijman docht ek mei. Mar at Jehannes dêr wêze moat, en dat wol er want de perfessers Jouke fan Dyk en Piter Winsemius sprekke him folle mear oan as de natoerperfessers, dan moat hy earder fuort út Aldemarrum. En deroer kin dy boeren wol wer ris hiel lulk wurde, krekt as at se doe tochten dat se in bytsje leech lein waarden, dat der wat maklik oer har hinne wâlde waard. Ik hoopje dat alle stuollen yn Aldemarrum noch heel binne jûn.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s